See
Ut Wikipedy
In see is in grutte hoeveelheid sâlt wetter, dy't yn ferbining stiet mei in oare see of mei in wrâldsee. Yn brede sin jildt it wurd foar al sokke wetteroerflakken, mar it wurdt almeast beheind ta wetter op it kontinintaal plat mei in iepen ferbining nei de wrâldsee. In see bûten it kontinentaal plat dy't in selsstannich gehiel foarmet mei in eigen sirkulaasje hjit dan in wrâldsee; by in see, ynsletten troch lân mei in ferbining dy't út ien of mear seestrjitten bestiet, sprekt men dan fan in binnensee. In grutte hoeveelheid sâlt wetter dy't lykwols gjin ferbining mei in see hat, hjitte wol sletten see.
Seeën wurde fieden troch rivieren en troch reinwetter.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Seestreamings
It wetter op ierde stiet net stil, krekt oarsom, it is kontinu yn beweging. De tijwurking ferpleatst alle dagen grutte hoeveelheden wetter oer ús planeet en troch drukferskillen (feroarsake troch û.o. temperatuer en sâltgraad) en it koriolyseffekt ûntstean seestreamings dy't foar wettertransport oer ús planeet soargje. Dizze seestreamings binne ien fan de wichtichste faktoaren yn it klimaat op ierde, bygelyks de golfstream fiert waarmte fanút it Karibysk gebiet nei Jeropa, wêrtroch't Jeropa in mylder klimaat hat as bygelyks Kanada of Sibearje.
[bewurkje seksje] Seelibben
De seeën op ierde hawwe in fitale rol spile by de ûntwikkeling fan it libben op ierde. It libben spile him oant sa'n 400 miljoen jier ferlyn allinnich yn it wetter ôf. Pas yn it devoan komme de earste planten oan lân en produsearje op grutte skaal soerstof, wêrnei't yn itselde tiidrek de amfibieën oan lân gean kinne. Noch altyd krioelt it yn de seeën fan libben, wêrfan't wy minsken mar in lyts part yn kaart brocht hawwe. Inkele ekosystemen yn see binne koraalriffen en kelpwâlen.
[bewurkje seksje] See en minske
Al sûnt de âldheid spylje de seeën in wichtige rol foar de minskheid. Se binne in belangrike boarne fan fiedsel foar ús en de skipsboutechniken út de âldheid makke it de minske foar it earst mooglik grutte hoeveelheden massa oer grutte ôfstannen te ferfieren. Seeën waarden transportieren yn de hannel en krigen in militêr belang. It sêfte klimaat dat de golfstream Jeropa jout is grif in krityske faktor west yn it ûntwikkeljen fan de Jeropeeske beskaving en tank sij de see is de Jeropeeske beschaving sûnt de renêssanse wer oer de rest fan de wrâld útdijd. Letter krigen de seeën in funksje yn it wrâldwide persoaneferfier en tsjintwurdich hawwe se benammen in belang yn it frachtferfier. Se foarmje hjoed de dei in fitale libbensier fan ús wolfeart.
[bewurkje seksje] Oersjoch fan seeën
-
-
- Lago de Maracaibo
- Golf fan Biskaje
- Golf fan Meksiko
- Ierske See
- Labradorsee
-
- Baffinsee
- Hudsonbaai
- Jamesbaai
-
- Adriatyske See
- Egeyske See
- Ionyske See
- Liguryske See
- Tyrreenske See
- See fan Marmara
- Noarske See
- Eastsee
-
- Botnyske Golf
- Golf fan Riga
- Finske Golf
- Sargassosee
- Swarte See
-
- See fan Azov
-
-
- Balysee
- Bandasee
- Beringsee
- Selebessee
- Floressee
- Giele See
- Golf fan Thailân
- Japanske See
- Javasee
- Koraalsee
- Korosee
- East-Sjineeske See
- Sulusee
- Tasmansee
- See fan Ochotsk
- Súd-Sjineeske See
Yndyske Oseaan
-
- Andamanske See
- Arabyske See
- Arafurasee
- Golf fan Aden
- Golf fan Bengalen
- Golf fan Karpentaria
- Golf fan Oman
- Perzyske Golf
- Reade See
- Timorsee
Arktyske Oseaan
-
- Barentszsee
-
- Wite See
- Beaufortsee
- Grienlânsee
- Karasee
- Laptevsee
- Lincolnsee
- Tsjoektsjensee
Súdlike Oseaan
-
- Amundsensee
- Davissee
- Rosssee
- Weddellsee
Neffens boppesteande definysje binne de folgjende seeën gjn see:
-
- Kaspyske See
- Deade See