It Kanaal
Ut Wikipedy
|
|
Lokaasje | tusken Ingelân en Frankryk |
See | |
Koördinaten | {{{koordinaten}}} |
Oerflakte | |
Djipte (max.) | 120 m |
Diepte (gem.) | {{{dieptegem}}} m |
Breedte | {{{breedtemin}}} |
Max. breedte | {{{breedtemax}}} |
Lingte | {{{lingte}}} |
Oer | |
{{{oer}}} |
It Kanaal is de seestrjitte tusken Grut-Brittanje en de Jeropeeske fêste wâl, en in ferbining tusken de Noardsee en de Atlantyske Oseaan. De middeldjipte fan it Kanaal is sa'n 60m, en healweis, tusken Dover en Kales, is in trochgong dy't mar 31km breed is, it Nau fan Kales.
[bewurkje seksje] Skipfeart
It kanaal wurdt yntensyf brûkt troch de skipfeart tusken Noard-Jeropa en Súd-Jeropa en fierder. It ferkear is sa drok dat der ferkearsbanen oanwiisd binne om botsings fan de grutte skippen, lykas de oaljeskippen foar Rotterdam, foar te kommen.
[bewurkje seksje] Tij
Om't it tij fan west nei east giet, rint it oan de súdwestkant in Kanaal yn, en wurdt dêrby fuortsterke troch de trachterfoarm fan de seestrjitte. Wat tichter by it Nau fan Kales, wat grutter it tijferskil. In oar gefolch hjirfan is dat benoarden it Nau en yn de súdlike Noardsee it tij letter is as it neffens de geografyske lingte wêze moatte soe.