Wikipedy:Donaasjes
Ut Wikipedy
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Wikimedia Foundation
Wikimedia Foundation is in organisaasje sûnder winsteachmerk mei it doel minsklik witten foar eltsenien tagonklik te meitsjen. Dit doel wurdt neistribbe troch it garjen, byhâlden en frij beskikber meitsjen fan ynformaasje. Wikimedia is ôfhinkllik fan donaasjes foar it yn stân hâlden fan de wiki-projekten.
Wikimedia stelt kompjûters en netwurken beskikber foar ferskate projekten foar neislachwurken. De ynhâld fan dy projekten is foar it publyk fergees beskikber. Op it stuit giet it ûnder oaren om de neikommende projekten:
- Wikipedia / Wikipedy
- Wiktionary / Wikiwurdboek
- Wikiquote
- Wikibooks / Wikiboeken
- Wikinews
- Wikisource / Wikiboarne
- Wikimedia Commons
[bewurkje seksje] Wêr't jo jild foar brûkt wurdt
Al ús websteeën binne frij fan reklame. Besite kin fergees alles lêze, bewurkje en brûke. Us projekten binne ôfhinklik fan jo stipe.
Troch de enoarme waakst fan de ynhâld en it netwurkferkear fan ús projekten is der aloan ferlet fan mear hurdguod om de funksjonaliteit op peil hâlde te kinnen. Fierders binne der de kosten fan it netwurkferkear, de hier fan romte foar de kompjûters, it reservearjen fan netwurknammen, it fuortsterkjen fan de ûntwikling fan sêftguod en, by gefal, reiskosten.
Wikimedia Foundation hat ek ferlet fan stipe foar syn rol as paadsljochter by it ferkennen fan it fjild fan mienskiplik skriuwen. Fierders besykje wy stipe te finen dat wy Wikimedia-ynhâld nei plakken bringen kinne dêr't gjin tagong ta it ynternet is. As jo fragen hawwe oer stipe oan Wikimedia Foundation, sykje dan kontakt mei ús.
[bewurkje seksje] Donaasjes
[bewurkje seksje] Oerskriuwing
Fan Nederlân, en fan de rest fan de Jeropeeske Uny, kin maklik in oerskriuwing nei Wikimedia Foundation dien wurde:
- Rekkenhâlder: Wikimedia Foundation
- Bank: Dexia bank - Pachecolaan 44 - 1000 Brussel
- IBAN: BE43-0689-9999-9501
- BIC (swift koade): GKCCBEBB
In oerskriuwing nei Belgje is, mei IBAN- en BIC-koades, almeast net djoerder as in nasjonale oerskriuwing.
[bewurkje seksje] Ynternet
Jo kinne op ynternet in donaasje jaan fia MoneyBookers of fia PayPal, mei de keppelings hjirûnder. Us rekken dêrby is donation@wikipedia.org.
- Moneybookers
- By oerskriuwen fia MoneyBookers binne der foar Wikimedia minder kosten as by PayPal; in grutter part fan jo stipe kin dan foar de projekten brûkt wurde.
- PenPal
- By PenPal hawwe jo de kar ier kear in donaasje te dwaan of trochgeande stipe te jaan, alle jierren of alle moannen. Dit kin sûnder PayPal-rekken; in kredytkaart is genôch.
- In donaasje yn Euros: Nederlânsk / Ingelsk.
- In donaasje yn F.S.Dollars: Nederlânsk / Ingelsk.
- Trochgeande stipe stopsette: Ingelsk.
[bewurkje seksje] Post
Jo kinne ek oer de post in sjek nei Wikimedia stjoere:
- Adres:
Wikimedia Foundation Inc. 200 2nd Ave. South #358 St. Petersburg, FL 33701-4313 United States of America
- Sjek foar:
Wikimedia Foundation, Inc.
As jo in sjek stjoere wolle, dan is it de baas en gean earst nei oft dy yn de Feriene Steaten ynwiksele wurde kin. It bêste is in Ynternasjonale Jildwiksel. It ynwikseljen fan oare sjeks kin Wikimedia Foundation in soad jild kostje, somtiden mear as $50 foar ien sjek.
Stjoer gjin los jild oer de post.
[bewurkje seksje] Wikimedia guod
Jo kinne de Wikimedia logo's en oare ôfbylden op allerhanne guod keapje by Cafe Press: fan it jild giet 5 F.S.Dollar nei Wikimedia Foundation.