Kanada
Ut Wikipedy
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
|
Kanada is in lân yn Noard-Amearika, noard fan de Feriene Steaten. Oan de noardkant leit de Arktyske Oseaan en yn it easten de Atlantyske Oseaan. Oan de westkant fan Kanada leit yn it suden de Stille Oseaan en yn it noarden Alaska, ien fan de Feriene Steaten. De haadstêd fan Kanada is Ottawa; oare grutte stêden binne Montreal, Toronto, Vancouver, Calgary, Edmonton, Quebec, Winnipeg, Hamilton, London, Kitchener en Halifax.
[bewurkje seksje] Provinsjes
Kanada bestiet út 10 provinsjes en 3 territoariums.
De provinsjes ûntliene harren rjochten en macht oan de grûnwet. De tsien provinsjes binne:
- Alberta
- Britsk Kolumbia
- Manitoba
- New Brunswick
- Newfoundland en Labrador
- Nova Scotia
- Ontario
- Prins Edward Eilân
- Quebec
- Saskatchewan
De territoariums binne gebieten dêr't net folle minsken wenje. Hja wurde troch de regearing fan Kanada bestjoerd; harren macht wurdt delegearre troch it regear. De trije territoariums binne:
- Yukon
- Northwest Territories
- Nunavut