Ingelsk
Ut Wikipedy
|
Ingelsk is in Angelsaksyske taal dy't as memmetaal sprutsen troch likernôch 380 miljoen minsken, benammen yn Grut-Brittanje, Ierlân, Noard-Amearika, Austraalje, Nij-Seelân en súdlik Afrika. Troch de grutte ynfloed fan de riken fan Grut-Brittanje en de Feriene Steaten hat it Ingelsk ek in protte ynfloed yn oare parten fan de wrâld. In spesjaal gefal hjirby is Yndia, wêr't it Ingelsk in offisjele bestjoerstaal is, praat troch in grut part fan de befolking, maar dêr't it gjin memmetaal is.
[bewurkje seksje] Untwikkeling
Ingelsk is krekt as it Frysk in Noardwestgermaanske taal, mar de Angelsaksyske talen hawwe harren op it eilân Grut-Brittanje oars ûntwikkele as de Fryske talen op de fêste wal en de waadeilannen. Njonken de ynfloed fan dy isolaasje hat ek de ynfloed fan lettere ynfallers de taal feroare. It Angelsaksysk dat oerlevere is fan de 8e ieu ôf, waard sa troch de ynfloed fan de Wytsings en de Normandjers ta it Middel-Ingelsk. Troch de Ingelske lûdferskowing ûntstie yn de 15e ieu it Moderne Ingelsk, dat as dialekt fan de haadstêd Londen oer it lân ferspraat rekke.
[bewurkje seksje] Taalkoades
De ISO 639 taalkoades foar it Ingelsk binne "en" en "eng". Om't it Wikipedia-projekt meast, lykas wenst op it ynternet, de twaletterige koades brûkt, wurdt de Ingelske Wikipedy oantsjut mei de koade "en:".
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Ingelske ferzje. |