Frânsk
Ut Wikipedy
|
It Frânsk (français) is tredde op'e list fan oantal sprekkers op'e Romaanske taallist, nei it Spaansk en Portugeesk, wurdt it Frânsk sprutsen troch meiinoar 270 miljoen minsken. Foar 120 miljoen minsken is Frânsk de memmetaal. De boarne fan it Frânsk is it Latyn, mar der binne ek in soad Ald-Grykske lynwurden yn'e taal.
It Frânsk is yn 30 lannen op'e ierde in offisjele taal.
It Frânsk is ek in offisjele of diplomatyke taal yn ferskeidene mienskippen en ynternasjonale organisaasjes (bg. de Jeropeeske Uny, Ynternasjonnale Olimpyske Kommisje, Wrâld hannel organisaasje, Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje, FINA ,FIA, UCI, FIFA, wrâld anty-doping agentskip, Feriene Naasjes, Afrikaanske Uny, ynternasjonale gerjocht fan Justysje, IHO, ynternasjonale sikritariaat foar wetter, Ynternasjonale Polityke Wittenskip Ferbân, Ynternasjonale Ferbân fan gewicht en matematyk, Jeropeeske útstjoerings Uny, ESA, Unyversele Post Uny, Ynterpol ensfh.) en yn'e seis offisjele talen fan'e Feriene Naasjes en syn agentskippen. Wylst de wichtigens fan'e Frânske taal efterút rint, troch it plak fan it Ingelsk yn'e lêste trije ieuen fersterke is, hat it Frânsk as diplomatyke taal noch hieltyd in hege status.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Frânske ferzje. |