Eastsee
Ut Wikipedy
|
|
Lokaasje | tusken Sweden, Poalen en de Baltyske steaten |
See | |
Koördinaten | |
Oerflakte | 377.000 km² |
Djipte (max.) | m |
Diepte (gem.) | m |
Breedte | {{{breedtemin}}} |
Max. breedte | {{{breedtemax}}} |
Lingte | {{{lingte}}} |
Oer | |
De Eastsee of Baltyske See is de see, dy't likernôch tusken Sweden en de Baltyske steaten leit. De Eastsee is brakker as de Noardsee en de tijferskillen binne lytser. De see bestjit sûnt it 6e millennium f. Kr. Wat de foarm oangiet docht de Eastsee wol wat tinken oan in haadrivier mei sydrivieren (Finske Golf en Botnyske Golf). Ut geologysk ûndersyk docht bliken dat hjir yn it Pleistoseen in rivier rûn hawwe moat: de Eridanos.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Begrinzing
Mei de wizers fan de klok mei,
grinzen oan dizze 'binnensee':
- Sweden
- Finlân
- Ruslân (Sint-Petersburch en omkriten)
- Estlân
- Letlân
- Litouwen
- Opnij Ruslân (oblast Kaliningrad)
- Poalen
- Dútslân
- Denemarken
Oan't de Eastsee yn rommere sin heart ek de Botnyske Golf, de Finske Golf, de Golf van Riga en lytsere baaien ('bochten') en haffen lâns de kust fan Dútslân, Poalen, Ruslân en Litouwen.
[bewurkje seksje] Ofwettering en rivieren
Estlân, Letlân, Litouwen en Poalen wetterje foar 100% ôf yn de Eastsee, de oare lannen mar foar in part. Ek Tsjechje, Slowakije, Oekraïne en Wyt-Ruslân wetterje foar in part harren boppewetter yn de Eastsee ôf.
De wichtigste rivieren dy't op de Eastsee ôfwetterje binne de Weichsel yn Poalen, de Oder ticht by de Poolsk-Dútse grins, de Daugava (of Westlike Dwina) yn Letlân en de Neva yn Ruslân.
[bewurkje seksje] Havens oan de Eastsee
Gruttte havenplakken fuort- of tichtby de Eastsee binne:
- Stokholm (Sweden)
- Turku (Finlân)
- Helsinki (Finlân, oan de Finske Golf)
- Sint-Petersburch
- Tallinn (Estlân, oan de Finse Golf)
- Riga (Letlân, by de Golf van Riga)
- Kaliningrad
- Gdansk
- Gdynia (Poalen)
- Szczecin (Poalen)
- Rostock (Dutslân)
- Kiel (Dútslân)
[bewurkje seksje] Eilannen yn de Eastsee
De grutste eilânnen yn de Eastsee binne:
- Gotlân
- Ölân
- Saaremaa
- Hiiumaa
- Rügen
- Bornholm