Wrâldsee
Ut Wikipedy
In wrâldsee' of oseaan is in tige grutte hoemannigte sâlt wetter bûten it kontinentaal plat, as dat wetter mei dêrby de seeën dy't dermei yn iepen ferbining steane. De wrâldsee wurdt ek wol brûkt foar alle wrâldseeën tegearre, dy't ommers allegear ferbûn binne. De wrâldsee nimt likernôch 2/3 fan de ierde, wylst de wrâlddielen meielkoar 1/3 binne.
Der binne fiif wrâldseeën, nei grutte, de Stille Oseaan, de Atlantyske Oseaan de Yndyske Oseaan, de Súdlike Oseaan en de Arktyske Oseaan. Sûnt 2004 is 60° suderbridte fêststeld as de noardgrins fan de Súdlike Oseaan. Dêrmei stiet no fêst dat allinnich de Artyske Oseaan gjin ferbining hat mei de Yndyske Oseaan of de Súdlike Oseaan; oars is eltse oseaan mei eltse oare oseaan ferbûn.