Wiskunde
Ut Wikipedy
Wiskunde wurdt yn it algemien definiearre as de stúdzje fan patroanen fan struktueren, feroaring en romte; ynformeel soe sein wurde kinne dat it de stúdzje fan getallen en nûmers is. Yn de formalistyske opfetting is it ûndersyk fan aksiomatysk definiearre abstrakte struktueren fêstlein yn logyske en matematyske notaasjes.
In de meeste talen (Ingelsk: mathematics; Dútsk: Mathematik; Frânsk: mathématiques) is it wurd foar wiskunde ôflaat fan it Grykske wurd μάθημα (mathèma), dat wittenskip, kennis of leare betsjut. It Nederlânske wurd wiskunde is troch Simon Stevin in de 17e ieu as wisconst (kuenst fan it gewisse of zekere) oan dizze wittenskip ferbûn.
Folle ûnderwerpen fan stúdzje yn de wiskunde fine harren oarsprong in oare eksakte wittenskippen as de natuerkunde en de astronomy. Wiskundigen bestudearje ek matematyske struktueren en ûnderwerpen om estetyske redenen of om in mear algemiene oplossing te fynen foar ferwante fraachstikken op ferskate dielgebieden. Der wurdt hjirby ûnderskied makke tusken de teoretyske en de tapaste wiskunde. Binnen de teoretyske wiskunde bestudearje gûon wiskundigen de wiskunde foar hun noegens, werby de wiskunde min of mear as kuenstfoarm beskôge wurdt.