Taalkunde
Ut Wikipedy
Taalkunde, taalwittenskip of linguïstyk is de stúdzje fan de natuerlike talen. As der gjin stúdzje fan in inkele taal makke wurdt, mar as it ferskynsel (natuerlike) taal in syn algemienens bestudearre wurdt, dan sprekke wy fan algemiene of universele taalwittenskip.
Ofhinklik fan de ynfalshoeke fan de ûndersiker en eventueel it ûnderdiel fan de linguïstyk, wurdt linguïstyk ta ferskillende tûken fan de wittenskip rekkene, lykas kognysjewittenskip, psychology, en antropology.
[bewurkje seksje] Taaluteringen
Taaluteringen binne opboud út klanken, morfemen, wurden, sinnen en teksten of discourses. De klanken wurden bestudearre troch de fonetyk en de fonology, de opbou fan wurden troch de morfology en de groepearring fan wurden yn sinnen troch de syntaksis. De betsjutting fan taaluteringen wurdt bestudearre troch de semantyk en wat de sprekker mei de taaluteringen foar elkoar besiket te krijen, it doel dat neistribbe wurdt, wurdt bestudearre troch de pragmatyk.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |