See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Renêssânse - Wikipedy

Renêssânse

Ut Wikipedy

De katedraal Santa Maria del Fiore yn Florence. Florence wie it spiritueel sintrum fan de Renêssânse
De katedraal Santa Maria del Fiore yn Florence. Florence wie it spiritueel sintrum fan de Renêssânse

De Renêssânse' (letterlik werberte) wie yn de skiednis fan Jeropa in tiidrek fan it opbloeien fan keunst, wittenskip en letterkunde dy't har grûnslach hie yn de werberte fan de ferwurvenheden fan de Klassike Aldheid. De Renêssânse begûn yn Itaalje yn de 13e of 14e ieu en fersprate him yn de folgjende ieuwen oer de rest fan Jeropa. De term wurdt yn algemiene sin ek brûkt foar oare perioaden fan kultureel weroplibjen yn de skiednis, lykas de Karolingyske Renêssânse.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Untstean fan de Renêssânse yn Itaalje

Yn 1860 kaam it wichtige "Die Kultur der Renaissance in Italien" fan de keunsthistoarikus Jacob Burckhardt út. Burckhardt definiearret de Renêssânse as in nea-sjoene weroplibbing en bloei yn de fyftjinde en sechstjinde ieu yn Itaalje fan de keunsten en wittenskippen, wêrby't it wrâldske en realistyske aard fan dy keunsten en it tanimmend yndividualisme sjen litte dat de Midsieuwen oer binne en de Moderne Tiid kommen is.

Yn Itaalje kamen wichtige stêden ta stân. Troch politike misledigings rjochten hja har op in idealisearre ferline, dêr't it klassike Rome de wrâld behearske yn in tiid dat adel en geastlikheid noch net bestiene. Op dy wize kaam it ta it fannijs ûntdekken fan de klassike beskaving: rjocht, dichtkeunst en arsjitektuer. De keizer hie al net in soad macht en de paus sette ôf nei Avignon. De stêden beskôgen harsels as selsstannich. Ekonomyske fleur joech de boppelaach fan de befolking de mooglikheid fan it libben te genietsjen.

De stêden stipen keunst en wittenskip. It beoefenjen fan de wittenskip bûten de tsjerke om smiet befrijende ûntdekkings op: de Skinking fan Constantijn waard yn 1440 troch Lorenzo Valla ûntmaskere as ferfalsking. De Renêssânse wie dus in beweging fan de stêd, mooglik makke troch wolstân. Se leauden yn dy tiid dat der wiswier in nij tiidrek kommen wie.

Nei de fal fan Konstantinopel, in útkomst fan de 4e krústocht, is der in artistike ynjeksje fan East nei West, trochdat der in kultuerferskowing plak fynt. Men kin sizze dat dêr it iere begjin fan de Renêssânse leit.

Meast wurdt de keunstner Giotto di Bondone (1266/7-1337) út Florence as it begjin fan de Renêssânse sjoen. Giotto makke fresko's dy't in yllúzje toanden dy't al ieuwen net mear makke wie, de yllúzje fan de romte op in plat oerflak. As wy nei ien fan syn fresko's yn de Cappella degli Scrovegni yn Padua (Noard-Itaalje) sjogge, fides makke om 1306 hinne, dan liket it krekt as sjogge wy nei in byldhouwurk, in Goatysk byldhouwurk. Dy yllúzje waard ûnder oare fuortsterke troch it tapaste ferkoarte yn de earm en de modellearring fan it antlit en it gewaad.

Giotto paste net samar in beskate technyk ta. It wie syn doel om in hiel nije en eigen foarstelling te skilderjen, lykas hy foar eagen hie hoe't it bard wêze moast. Hy trochbriek de tradysje fan oernimmen, fan skilderjen as Bibel foar de ûnbelêzen lju.

In oar unyk elemint fan Giotto is it feit dat syn namme bekend is. Oant fier yn syn tiid wiene keunstners net by namme bekend. It wie in ambacht, dat as deistich wurk foaral anonym beoefene waard.

[bewurkje seksje] Fersprieding fan de Renêssânse

Portret fan Giovanni Arnolfini en syn frou, troch Jan van Eyck, skildere yn 1434
Portret fan Giovanni Arnolfini en syn frou, troch Jan van Eyck, skildere yn 1434

De Renêssânse begûn yn Itaalje en dêrnei fersprate de beweging him stadichoan oer West-Europa. Fan 1300 oant 1450 bleau de Renêssânse foaral yn Itaalje, dêrnei oant 1600 beynfloede de Renêssânse hiel West- en Midden-Europa. Lang om let berikte de Renêssânse ek de koloanjes yn Noard-Amearika en Súd-Amearika, sadat de hiele Westerske wrâld der troch beynfloede waard. Sjoch ek Quattrocento.

De keunst ûndergie grutte feroarings: realisme waard as tige wichtich beskôge. Sadwaande rjochten minsken har ek mear op har eigen 'realiteit'. Ek nijsgjirrich oan de Renêssânse binne de ferskillende uteringen derfan yn it Noarden en it Suden (wêrby't de Alpen meast as skieding nommen wurde kin).

Rûchwei is it ienfâldichst ûnderskie te sjen yn de ferskillen hoe't de keunstners korrekt skilderje woene. Yn it suden waard dat dien nei it ûntdekken fan Giotto neffens it perspektyf, ek wol matematysk korrekt neamd. Yn it noarden seagen se mear yn it detaillearre neiskilderjen, wêrtroch it skilderwurk yn kwestje ek korrekt waard. Dêrby moatte wy wol betinke dat de skildertechniken rûnom oars wiene. Yn it suden wurken se net allinnich op doek, mar makken se ek fresko's, wylst yn it noarden op doeken skildere waard. Fresko's binne yn it noarden, mei it fochtige klimaat, net sa goed te bewarjen as yn de súdliker lannen.

[bewurkje seksje] Renêssânse yn de keunst en arsjitektuer

Leonardo da Vinci, Czartoryski-museum, Kraków
Leonardo da Vinci, Czartoryski-museum, Kraków

[bewurkje seksje] Skilderkeunst

Yn de tiid fan de Renêssânsekeunst wiene in soad keunstskilders aktyf mei it meitsjen fan skilderijen.

De skilderkeunst fan wichtige keunstskilders út de Renêssânse is ûnder te ferdielen yn:

  • Iere Renêssânse
  • Heech-Renêssânse
  • Noardlike Renêssânse
  • Maniërisme

Troch ekonomyske foarútgong wie it ek mooglik om realistyske skilderijen meitsje te litten. Dy skilderijen wiene hiel kostber omdat it in hiel soad tiid naam om se te meitsjen. Yn 't earstoan wiene it benammen religieuze en klassike ferhalen dy't ôfbylde waarden.

Foaral yn Itaalje is in tiidrek fan artistike hichtepunten. It binne tiden fan opfallende technyske ynfentiviteit;de oaljefervetechnyk wurdt útwurke nei in ultime ferfining, houtfyk en kopergravuere binne in soad brûkte nije techniken, de boekdrukkeunst is der en it wiskundich en estetysk útwurkjen fan it lineêr perspektyf.

Yn de Lege Lannen, benammen yn Brussel feroaren de ûnderwerpen nei aldendeiske.

Bekende keunstskilders en byldhouwers út de Renêssânse wiene:

  • Botticelli
  • Rafaël Santi
  • Leonardo da Vinci
  • Michelangelo
  • Titiaan
  • Pieter Bruegel de Oude

Wat ek in dúdlik skaamerk fan de Renêssânse is wie it feit dat troch it opkommend yndividualisme de wurken synjearre waarden. Yn de Romaanske en Goatyske keunst waard soks nea dien, mei't se fûnen dat de keunstner it wurk die út namme fan God en net út namme fan himsels.

[bewurkje seksje] Byldhoukeunst

Yn de byldhoukeunst komme in tal ynnovaasjes foar, types as de buste en it ruterstânbyld dy't streekrjocht oernommen wurden fan de klassike âldheid. Bekend wiene foaral Donatello, Michelangelo en Leonardo Da Vinci. Te ûnderskieden binne de Iere Renêssânse en de Heech-Renêssânse.

Uffizi
Uffizi

[bewurkje seksje] Museums

Museums mei in soad keunst út de Renêssânse binne:

  • Kunsthistorisches Museum yn Wenen
  • Louvre yn Parys
  • Uffizi yn Florence
  • National Gallery yn Londen
  • Ryksmuseum Amsterdam yn Amsterdam
  • Hermitage yn Sint-Petersburch
  • Fatikaanske musea
  • Alte Pinakothek yn München

[bewurkje seksje] Arsjitektuer

De gebouwen fan de ieuwen dy't west hiene moasten ferdwine: Konstantijn syn haadtsjerke boppe Petrus syn grêf moatst plak meitsje foar in nije tsjerke. It weroplibjen fan de âldheid springt benammen yn de arsjitektuer yn it each. Se bestudearren de ferhanneling fan de Romein Vitruvius en namen de mjitte fan antike gebouwen om har de 'taal' fan dy arsjitektuer eigen te meitsjen (mei foarmen lykas Frontons, aailisten, Doryske, Ionyske, Korintyskee pylders; mei de 'grammatika', de regels fan it byinoar foegjen fan de ûnderdielen). Italjaanske arsjitekten wiene ûnder oare Filippo Brunelleschi, Palladio en Donato Bramante.

Ek yn oare lannen is de Renêssânse-arsjitektuer werom te sjen yn in soad Frânske kastielen yn de Loiredelte. It bekendste Renêssânse-kastiel yn Frankryk is it kastiel fan Fontainebleau.

Poznań
Poznań

[bewurkje seksje] Muzyk

Sjoch ek:

[bewurkje seksje] Renêssânse en Aldheid

De Renêssânse seach him as in werberte fan de kultuer fan de antiken. Giorgio Vasari (1511-1574) sjocht sûnt de tiid fan de 'barbaren' in opgong fan de moderne styl yn trije etappes, wêrby't er minachtsjend ferwiist nei de Grykske (Byzantynske) en nei de Dútske Goatyske styl.

De Renêssânse liket gauris foaral in brek mei de midsieuske tradysje dy't legitimearre wurdt troch te suggerearjen dat se tebek geane nei in noch âlder tradysje, dy fan de âldheid. De midsieuskers wurdt ferwiten dat krekt sy mei de tradysje brutsen ha. Dêrmei kin de Renêssânse as histoarisearjende foarmjouwing sjoen wurde.

It entûsjasme foar de antike kultuer bliuwt ien fan de wichtichste skaaimerken fan de Renêssânse. Dy feroaring hat dan foaral politike fasetten: in bewûndering foar de polityk fan it âlde Rome groeit út ta in 'neidwaan' fan dy kultuer.

Boppedat lei it de Italjaanske keunstners net swier op 'e mage om de Goatyske tradysje ôf te wizen: dy wie dêr dochs al amper woartele. Ek bliuwe der mear resten fan it kristendom efter as se tajaan wolle soene. Kristlike motiven siere noch oant fier yn de moderniteit de tsjerken en privee-kapellen, en yn de filosofy is it humanisme noch lange jierren net tsjin it bastion fan de skolastyk wapene.

[bewurkje seksje] Renêssânse en boetepreekjen

De stedsrenêssânse en it boetepreekjen fan de biddeloarders botsten mei elkoar. De prior fan in dominikanekleaster, Girolamo Savonarola (1452-1498) hie mei syn preekjen safolle ynfloed op de befolking dat se alle tekens fan wrâldsk libben ferneatige: de hearskersfamylje fan de Medisy moast de stêd út.

[bewurkje seksje] Humanisme

De Renêssânse yn Itaalje hie in nije kyk op de minske ûntstean litten: de klam kaam te lizzen op de minsklikens, de 'humanitas', nei it model fan de klassyk-Romeinske kultuer. It wurk fan de letterkundigen en taalkundigen krige letter de namme 'humanisme'. In wichtige grûnlizzer fan it humanisme is Giovanni Pico della Mirandola.

[bewurkje seksje] Wittenskip

Leonardo da Vinci's Vitruvische Mens, in foarbyld fan de synteze fan keunst en wittenskip yn de Renêssânse
Leonardo da Vinci's Vitruvische Mens, in foarbyld fan de synteze fan keunst en wittenskip yn de Renêssânse

Fóár de Renêssânse wie de wittenskip sa goed as hielendal basearre op in relatyf lyts tal tradisjonele boeken en skriuwers. Dat wie yn it foarste plak fansels de bibel, mar dêrneist ek in tal Grykske en Romeinske skriuwers lykas Plato, Aristoteles en Galenus. It wurk fan dy wittenskippers wie it jaan fan kommentaren op dy boeken en it tapassen fan dy wurken op aktuele situaasjes.

De humanisten wiene de earste groep dy't har tsjin dat strakke korpus fersetten. Se brieken net mei de tradysje fan it jin basearjen op klassike wurken, mar stelden dat der op beskate punten flaters yn de oersetting út it Gryksk wei (of foar it Alde Testamint út it Hebrieusk wei) nei it Latyn sieten. Om dat foar te kommen, moasten boarnen sa ticht mooglik by it orizjinele wurk rieplachte wurde. Lettere tafoegings en útlizzerij wiene lang sa wichtich net. Dêrneist woene de humanisten ek mear skriuwers en learde lju oan it standertwurk tafoegje.

Mar dêr hold de fernijing yn de wittenskip net op. Andreas Vesalius snie sels yn liken foar ûndersyk fan de anatomy en kaam ta de konklúzje dat Galenus op beskate punten mis west hie. Copernicus yntrodusearre it heliosintrysk wrâldbyld. Galilei brûkte de teleskoop om mear oer de himel oan de weet te kommen. Kartograven makken kaarten sekuerder as dy fan Ptolemeus, en lieten it yn de âldheid ûnbekende wrâlddiel Amearika sjen.

Stadichoan kaam it besef dat de lju de kennis út de Aldheid dêr't se sa mei bewûndering by opsjoen hiene oan it ynheljen wiene. Dat stimulearre it selsbetrouwen en de selsbewustens fan de ûndersikers fiks en se begûnen entûsjast hieltyd faker de sa as foarfêst leaude 'wierheden' fan de autoriteiten út de antike kultuer yn twifel te lûken en op wierheid nei te gean. En sa groeide ein 16e ieu, begjin 17e ieu it besef by de wittenskippers dat net kontemplaasje op de histoaryske grutheden fan it fakgebiet, mar eigen observaasje en ekspearimint de kaai wiene ta kennis. De moderne wittenskip wie berne.

[bewurkje seksje] Renêssânse en reformaasje

Tusken Renêssânse en reformaasje siet in ferbân: deselde krityske hâlding foar de betinklike tastannen yn de tsjerke oer, en itselde omtinken foar de boarnen fan de bibel. Al foar de Renêssânse wiene der by no en by dan kritisy fan de libbensstyl fan in soad prelaten fan de tsjerke. Mar doe waarden dy net bot heard of wie it sels libbensgefaarlik om soks al te lûd te ferkundigjen. Yn de rin fan de 13e-15e ieu kamen der lykwols hieltyd mear fan dy dissidinten en se krigen ek hieltyd mear in harkjend ear fan opkommende nije yntellektuelen. Dy gongen werom nei de boarnen fan it evangeelje en seagen dat dochs in soad fan de deistige tsjerklike praktyk net strookte mei de foarskriften en libbenswize dy't yn de evangeeljes en brieven fan de apostels beskreaun stiene. Doe koe in grutte konklúzje net lang mear útbliuwe. De reformaasje soe begjinne.

[bewurkje seksje] Keppelings om utens


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -