Westerske wrâld
Ut Wikipedy
De Westerske wrâld of it Westen is in benamming dy't brûkt wurdt foar in groep lannen dy't heare ta de rykste en machtigste fan de wrâld. Dizze lannen hawwe in grutte kulturele ynfloed en oerwicht op de rest fan de wrâld.
Oarspronklik besloech de term allinnich West-Jeropa en de lannen dy't dêr kultureel mei ferbûn binne lykas de lannen yn Noard-Amearika, Súd-Amearika en Oseaanje. Sûnt yn Aazje ferskate lannen inselde ekonomysk nivo berikt hat as it westen, wurde tsjintwurdich ek de rike lannen yn it easten der ta rekkene.