See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Londen - Wikipedy

Londen

Ut Wikipedy

Londen
Lokaasje yn Grut-Brittanje en Jeropa

Tiid sône :
UTC 0/Simmer UTC 0
Flagge Wapen
Flag of Berlin
Wapen fan Berlyn
Basis ynformaasje
Gebiet 1.579  km² Stêd
16.043  km² Stêdekloft
Tal ynwenners 7.554.236 Stêd
12.629.020 Stêdekloft
Tal ynwenners km² 4.784  km² Stêd
787  km² Stêdekloft
Regear
Lân Grut-Brittanje
Konstituint lân Ingelân
Regio Grutter-Londen
Administratife yndieling 32 distrikten (stêdsdielen)
Boargemaster Ken Livingstone sûnt 2000
Politike partijen Labour Party
Conservative Party
Liberal Democrats
Webside www.london.gov.uk

Londen (Ingelsk: London) is de haadstêd fan Grut-Brittanje en ek fan Ingelân. London leit yn it súdeasten fan Ingelân oan de Teems, 80 km. fan de Noardsee.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Londen waard yn 43 stifte troch de Romeinen as Londinium, op in plak oan de noardkant fan de Teems, dêr't nei alle gedachten noch âldere Keltyske bewenning wie. Yn 61 waard Londinium ferwoeste troch de Britten. De stêd waard op 'e nij opboud en op it plak dêr't oarspronklik in wacht- en hannelspost by in furde wie, waard yn de 2e ieu de earste brêge fan Londen boud. Londinium waard ien fan de grutste plakken yn it Romeinske ryk, mar nei dy tiid rûn de stêd werom oant der hast net ien mear libbe.

Nei't Eatelbert fan Kent yn Londen in katedraal stifte, woeks de stêd wer. De ynwenners krigen of koften yn de rin fan de tiid ferskate privileezjes fan de keningen, dêr't de stêd hieltiid machtiger troch waard en hieltiid hurder woeks. Yn de 12e ieu waard Londen dan ek de haadstêd fan Ingelân. Yn 1348 ferstoar in trêde fan de befolking oan de Swarte Dea. Yn 1665 ferstoaren 70.000 minsken oan de pest en yn 1666 waard mear as de helte fan de stêd delbaarnd. Yn 1940 en 1941 is de stêd slim bombardearre wurden. Dochs is Londen hieltiid grutter wurden. Fan 1825 oant 1925 wie it de grutste stêd fan de wrâld en ek no is it noch ien fan de grutste.

[bewurkje seksje] Ferbinings

Londen hat altyd it plak west dêr't in wei it wetter fan de Teems krúste. Om't de Teems oant Londen altyd maklik farber west hat, hawwe harren yn Londen grutte havengebieten ûntwikkele. Der wienen ek lytsere rivierkes yn dy omkriten, mar mei it grutter wurden fan Londen binne dy allegear troch pipen yn de grûn laat. Yn stee dêrfan is der in kanaalstelsel, dat Londen ferbinet mei oare rivieren. Londen hat ek in grut netwurk fan wegen om de stêd tagonklik te meitsjen, mar dêrtroch rekket de binnenstêd oerbelêst. Der binne ferskate maatregels naam om dit tsjin te gean. Faaks de ferneamste, en doelmjittigste, is de Undergrûnske. Under de stêd leit in netwurk fan spoaren dy't minsken ta en út it sintrum bringe moatte. Foar ferbinings mei de rest fan de wrâld hat Londen njonken Heathrow noch trije fleanfjilden. Oare fleanfjilden yn de omkriten lizze oan it spoar, sa't se ek maklik in part fan it fleanferkear foar Londen opnimme kinne.

[bewurkje seksje] Untwikkeling ynwennertal

Al yn 140 hie Londen al 30.000 ynwenners, yn 1300 wiene dat 100.000 en yn 1801 wie Londen nei Rome de twadde stêd wilens it bestean fan it minsdom mei mear as 1 miljoen ynwenners.

Londen sintrum
Londen sintrum
Blackwall Terrace yn Tower Hamlets
Blackwall Terrace yn Tower Hamlets

By de folkstelling fan 2007 hie Londen 7.554.236 ynwenners. De stêdekloft (ek wol; Grutter-Londen) hie 12.629.020 ynwenners.

Historyske ynwenneroantallen fan de stêd Londen
Jier Tal ynwenners
50 7.500
140 30.000
200 50.000
300 15.000
400 4.500
500 500
700 5.000
900 5.000
1000 10.000
1100 15.000
Jier Tal ynwenners
1180 40.000
1300 100.000
1350 50.000
1500 125.000
1600 200.000
1650 375.000
1700 575.000
1750 675.000
1801 1.096.784
1811 1.303.564
Jier Tal ynwenners
1821 1.573.210
1831 1.878.229
1831 1.878.229
1841 2.207.653
1851 2.651.939
1861 3.188.485
1871 3.840.595
1881 4.713.441
1891 5.571.968
1901 6.506.889
Jier Tal ynwenners
1911 7.160.441
1921 7.386.755
1931 8.110.358
1939 8.615.050
1951 8.196.807
1961 7.992.443
1971 7.368.693
1981 6.608.598
1991 6.679.699
2001 7.172.091


[bewurkje seksje] Geografy en klimaat

Grutter Londen beslaat in gebiet fan 1,579 km², dêrtroch is it ien fan de grutste stêden op 'e wrâld. It wichtichste geografyske skaaimerk is de rivier Teems, in befarbere rivier dy't fan it súd-westen nei it easten troch de stêd rint. De stêd leit yn in gebiet mei in seetemperatoeren; tuskenbeiden simmers en tuskenbeiden winters. De trochsneed temperatoer yn it jier is 14,4°C.

Moanne Jan Feb Maa Apr Maa Jun Jul Aug Sep Okt Nov Des
Trochsneed temperatoer heech °C (°F) 7.2 (45.0) 7.6 (45.7) 10.3 (50.5) 13.0 (55.4) 17.0 (62.6) 20.3 (68.5) 22.3 (72.1) 21.9 (71.4) 19.1 (66.4) 15.2 (59.4) 10.4 (50.7) 8.2 (46.8)
Trochsneed temperatoer leech °C (°F) 2.4 (36.3) 2.5 (36.5) 3.8 (38.8) 5.6 (42.1) 8.7 (47.7) 11.6 (52.9) 13.7 (56.7) 13.4 (56.1) 11.4 (52.5) 8.9 (48.0) 5.1 (41.2) 3.4 (38.1)
Totale reinfal yn mm 53 36 48 47 51 50 48 54 53 57 57 57
Tal dagen rein 14.8 10.8 13.4 12.7 12.5 10.5 10.1 10.9 10.5 11.6 14.0 13.2
Boarne: Worldweather.org

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

51° 30′ 0″ NB, 0° 8′ 0″ EL

Oare talen


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -