Alde Testamint
Ut Wikipedy
It Alde Testamint (Vetus Testamentum yn it Latyn), is it earste part fan de Bibel, it hillige boek fan Kristenen en Joaden en dat datearre is foar it begjin fan de jiertelling. De oarspronklike tekst, de Tenach is yn it Hebrieuwsk skreaun (útsein guon passaazjes dy't yn it Arameesk skreaun binne yn it Bibelboek Daniël).
[bewurkje seksje] Ynhâld en kanon
It Alde Testament befettet boeken mei in grut ferskaat oan ynhâld. Der binne guons dy't histoaryske boeken neamd wurde omdat sy de oerlevere ferhalen omfiemje fan it Joadske folk. Fierders binne der boeken mei útspraken fan profeten, wetboeken en boeken mei lieten en spreuken.
Binnen de kristlike tsjerken is de gearstalling fan it Alde Testamint net alhiel itselde. Inkele Bibelboeken en dielen fan boeken binne wol part fan de Roomsk-katolike en de Eastersk-ortodokse kanon mar net fan de protestantske kanon. Dizze boeken binne bekend as apokrife of deuterokanonike boeken. De katolike Bibel telt 46 boeken, de protestantske 39. De protestantske ynhâld fan it Alde Testamint komt oerien mei dat fan de Tenach mar de yndeling is lykwols oars. Fierders slút de katolike kanon in pear boeken út dy't de Easters-ortodokse tsjerken wol wer as hearrende ta de kanon beskôgen.
[bewurkje seksje] Ynterpretaasje fan it Alde Testamint
De kristenen neame it earste part fan de Bibel it Alde Testamint omdat it neffens harren ferwizings befettet dy't nei de komst fan Jezus Kristus wize soene en omdat it oan it Nije Testamint foarôf giet. Yn it Nije Testamint wurde dêrom foar it Alde Testamint ek de nammen 'Earste Ferbûn' of 'Earste Testamint' brûkt mar dizze nammen slaan mear op it ferbûn dêr't yn it Alde Testaming ferslach fan dien wurdt as op de Aldtestamintyske boeken sels.