Nedersaksysk
Ut Wikipedy
|
It Nedersaksysk is in taal dy't heart ta de Súdwestgermaanske kloft fan 'e Westgermaanske talen en sprutsen wurdt yn noardeastlik Nederlân. Foarhinne waard it wol Saksysk of gewoan "Plat" neamd, mar meastal referearren de sprekkers oan harren taal mei de namme fan har eigen dialekt (dus "Stellingwerfsk" of "Twintsk"). De beneaming "Nedersaksysk" wie oant 'e jierren njoggentich fan 'e tweintichste ieu frijwol útslutend bekend ûnder taalkundigen, mar wurdt no algemien brûkt.
It Nedersaksysk genietet yn Nederlân erkenning as minderheidstaal en is yn 1996 troch it Nederlânske regear opjûn ûnder Diel II fan it Jeropeesk Ferdrach foar Regionale en Minderheidstalen. Nedersaksyske taalstriders stribje lykwols nei in hegere erkenning, ûnder Diel III, sa't it Frysk dy hat.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] It Nedersaksyske Taalgebiet
[bewurkje seksje] It Taalgebiet yn Nederlân
It Nedersaksysk wurdt sprutsen yn hast de hiele noardeastlike helt fan Nederlân. It Nedersaksyske taalgebiet omfettet:
- de folsleine provinsje Grinslân;
- de folsleine provinsje Drinte;
- de folsleine provinsje Oerisel;
- yn 'e provinsje Gelderlân it gebiet benoarden de line Lunteren-Dieren en beëasten de line Zelhem-Ulft;
- yn 'e provinsje Fryslân:
- de Stellingwerven (útsein de Frysktalige doarpen Haulerwyk en Waskemar) yn it súdeasten;
- fjouwer doarpen (Kollumerpomp, Mûntsjesyl, Warfstermûne en Boerum) yn eastlik Kollumerlân, yn it noardeasten
- yn 'e provinsje Flevolân it eardere eilân Urk, yn 'e Noardeastpolder;
- en yn 'e provinsje Utert it uterste noardeasten, de omkriten fan Spakenboarch en Bunskoaten.
[bewurkje seksje] It Nedersaksysk-Nederdútske Taalkontinuum
De dialekten fan it Nedersaksysk foarmje ien taalkontinuum mei de Nederdútske dialekten fan noardlik Dútslân. Dêrom wurde alle dialekten fan 'e Feluwe oant 'e Poalske grins beskôge as hearrend ta ien taal, ek al bestiet der gjin standerdisearre foarm fan. Yn Nederlân wurdt dy taal Nedersaksysk neamd en yn Dútslân Nederdútsk of Platdútsk.
Der bestiet lykwols in frij grut - en tsjintwurdich fluch groeiend - ferskil tusken it Nedersaksysk en it Nederdútsk, want wylst it Nedersaksysk ûnder druk fan it Nederlânsk stiet en hieltyd mear eigenskippen út dy taal oernimt, hat it Nederdútsk te krijen mei de sterke ynfloed fan it Dútsk, dy't it in oare kant útdriuwt. Sokke ferskillen binne benammen werom te finen as men sjocht nei de ûntliening fan nije wurden en nei de stavering - sa hat it Nederdútsk de saneamde Großschreibung (it skriuwen fan haadwurden mei haadletters) oernommen fan it Dútsk, wylst dat ferskynsel yn 'e stavering fan 'e Nedersaksyske dialekten fan Nederlân nearne foarkomt.
Foarhinne waard it Nederdútsk ek sprutsen yn 'e noardlike Dútske gebieten fan wat no Poalen, de Russyske provinsje Kaliningrad en súdwestlik Litouwen binne, mar sûnt 'e ferdriuwing fan it meastepart fan 'e Dútske befolking dêrwei, oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch, wurdt it dêr net of frijwol net mear sprutsen.
Wat de sprekkers sels oangiet, hawwe de Nedersaksysktaligen yn Nederlân der oer it algemien gjin muoite mei om oan te nimmen dat yn noardlik Dútslân itselde soarte dialekten sprutsen wurdt. Oarsom wol it lykwols de measte Nederdútsers net oan dat harren taal trochrint op Nederlânsk grûngebiet. Yn dit ferbân moat fernijd wurde dat yn Jeropeesk ferbân sawol it Nedersaksysk (yn it Ingelsk Low Saxon) as it Nederdútsk (yn it Ingelsk Low German) erkenning as minderheidstaal genietet, mar sûnder dat se mei safolle wurden as ien taal erkend wurde.
Njonken it Nederdútsk is it Nedersaksysk ek nau besibbe oan it Minnistedútsk, dat him fan 'e sechstjinde ieu ôf ûnder Nederdútske kolonistemienskippen yn Poalen en letter Ruslân ûntjûn hat.
[bewurkje seksje] Sprekkerstal
It tal sprekkers fan it Nedersaksysk (yn Nederlân) bedroech neffens in skatting út 1999 likernôch ien miljoen, mar dat liket wol in lyts bytsje foar sa'n grut taalgebiet. In telling út 2003 smiet in oantal fan 1.616.000 sprekkers op, ynklusyf 150.000 sprekkers om utens, yn 'e rest fan Nederlân (fral de Rânestêd) en yn it bûtenlân (Kanada, Austraalje, de Feriene Steaten, Nij-Seelân). De 1.466.000 sprekkers dy't yn it Nedersaksyske taalgebiet wenje, foarmje 9,1% fan 'e Nederlânske befolking en binne oer de ûnderskate regio's te ferdielen lykas oanjûn yn 'e ûndersteande tabel. Men moat al beseffe dat it hjirby foar in bûtenproporsjoneel grut part om âlderen giet en dat it sprekkerstal dêrom fluch ôfnimt.
|
[bewurkje seksje] Skiednis
It Nedersaksysk is ûntstien út it Aldsaksysk, dat in folle âldere taal wie as bygelyks it Nederlânsk. It is oerlevere fan 'e njoggende ieu ôf, útsein in doopûnthjit út 'e achtste ieu, dêr't de ôf te swarren heidenske goaden mei namme yn neamd wurde: "(...) end ec forsacho allum dioboles uuercum and uuordum, Thunaer ende Uuôden ende Saxnôte ende allum them unholdum the hira genôtas sint (...)" ("(...) en ik fesaakje alle wurken en wurden fan 'e duvel, Doanar en Woadan en Saksnot, en al dy duvels dy't harren genoaten binne (...)").
De wichtichste Aldsaksyske tekst is de Heliand ("Heilân"), in yn 'e midden fan 'e njoggende ieu skreaun epos oer it libben en de lear fan Jezus Kristus, dêr't 5.983 rigels yn stêfrym fan bewarre bleaun binne.
Tusken 1200 en 1600 ûntjoech it Nederdútsk him yn noardlik Dútslân en it Eastseegebiet ta in tige wichtige en ynfloedrike standertskriuw- en -sprektaal. Mar yn 'e Nederlannen kaam krekt yn dy tiid earst it Flaamsk-Brabânsk en letter it Hollânsk op as dominante taal en it Nedersaksysk koe him dêrtroch net op deselde manear ûnwikkelje. (Sawol it Flaamsk-Brabânsk as it Hollânsk - en letter ek it Standertnederlânsk - waarden trouwens betiizjend genôch ek "Nederdútsk" neamd.) In hoart waard der yn 'e noardeastlike parten fan 'e Nederlannen in tuskenfoarm tusken it Nedersaksysk en it Flaamsk-Brabânsk propagearre ûnder de namme "Eastersk" (Oostersch), mar dy koe de konkurrinsje mei sawol it Flaamsk-Brabânsk as de eigen Nedersaksyske dialekten net oan.
Lykwols wie it Nedersaksysk yn dy snuorje noch krêftigernôch om oan 'e ein fan 'e fyftjinde ieu it Frysk út 'e Grinzer Ommelannen te ferdriuwen.
[bewurkje seksje] Stavering
It Nedersaksysk hat gjin standerttaal en sil dy yn 'e neie takomst ek net krije; elts besykjen om ta in standerdisearre foarm te kommen, wurdt ôfwiisd as wêzensfrjemd troch it grutte ferskaat oan fral mûnling brûkte dialekten. Fierders hat it Nedersaksysk ek gjin ienheidsstavering; de ferskillende dialekten hawwe faak mear as ien stavering. De measte meitsje gebrûk fan letters mei diakrityske tekens, lykas "ü" (foar "ú") en "ö" of "ù"(lykas yn it Dútske "Köln"). Ek it brûken fan kombinaasjes fan lûden komt foar, bygelyks "ao" of "oa" foar it lûd dat yn it Frysk stavere wurdt as "â" of "ô". Yn it Grinslânsk brúkt man "ô" foar dit lûd, yn tyds't de "oa" mear heart as yn it Nederlânske voor.
[bewurkje seksje] Klanklear
It Nedersaksysk ûnderskiedt him fan it Nederlânsk ûnder mear troch it behâld fan 'e "l" yn 'e foarmen "-old" en "-olt", lykas yn "old" ("âld"), "kold" ("kâld") en "holt" ("hout"). Yn it Nederlânsk wurde dy diftongisearre ta "oud", "koud" en "hout". Ek is de "i" net ferbrede ta "ij"; ferlykje Nedersaksysk "kiken", Nederlânsk "kijken" ("sjen"). Fierders is de "r" oan 'e ein fan wurden of foar in "t" stom.
Allinne de Twintske tiidwurden hawwe noch de âlde meartalútgong op -t: "wiej haalt" ("wy helje"), "iej goat" ("jimme geane" of "jo geane") en "zee doot" ("sy dogge").
Opfallend is fierders dat de letters "z", "g" en "v" yn 'e midden fan wurden fuortfalle mei ferlinging fan it foargeande lûd. Dus "wezen" ("wêze") wurdt útsprutsen as "wên" en "wagen" ("wein") as "waang". Dit ferskynsel hat ek it ferkoartsjen fan 'e plaknamme "Deventer" ta "Dêmter" feroarsake (en sadwaande ta "Dimter" yn it Frysk laat).
[bewurkje seksje] Dialekten
Der wurde yn Nederlân tweintich Nedersaksyske dialekten sprutsen. Dy dialekten binne yn te dielen yn fiif dialektgroepen: it Grinslânsk, dêr't ek it Noarddrintsk ta heart, it Drintsk, ynklusyf it Stellingwerfsk, it Geldersk-Oeriselsk, it Twintsk en it Feluwsk.
Yn it gruttere Nedersaksysk-Nederdútske ferbân slút it Nedersaksysk oan by de Westnederdútske dialekten; it Grinslânsk by de Noardsaksyske kloft dêrfan en de fjouwer oare Nedersaksyske dialektgroepen by de Westfaalske kloft. It ferskil tusken it Grinslânsk en de oare fjouwer dialektgroepen leit him fierhinne oan dat it bestean fan in Fryske substraattaal yn syn taalgebiet.
De folsleine dialektyndieling fan it Nedersaksysk is as folget:
- Westerkertiersk
- Pompstersk
- Kollumerlânsk
- Middaglânsk
- Middenwesterkertiersk
- Súdwesterkertiersk
- Grinslânsk en Noarddrintsk
- Aldamtsk
- Feankoloniaalsk
- Grinzersk
- Hegelânsk
- Westerwâldsk
- Middendrintsk
- Súddrintsk
- Stellingwerfsk
- Geldersk-Oeriselsk
- Efterhoeksk
- Sallânsk
- Urksk
- Twintsk
- Twintsk-Greefskipsk
- Feluwsk
- Eastfeluwsk
- Westfeluwsk
It meast emansipearre fan al dizze dialekten is it Stellingwerfsk, mei't dat yn it skaad fan in sterkere minderheidstaal (it Frysk) bestiet en him dêr sawol tsjin ôfset as oan oplûkt. It Stellingwerfsk wurdt trouwens inkeld - fanwegen de ynfloed fan it Frysk dy't it ûndergien hat - ek wolris yndield by de Grinslânske dialekgroep.
It fitaalste dialekt is sûnder mis it Urksk, dat op Urk troch hast elkenien sprutsen wurdt.
It meast ôfwikende dialekt wie foarhinne it isolearre Westerwâldsk, yn eastlik Grinslân, mar sûnt 'e droechlizzing fan 'e feanmoerassen yn dy kontreien hat dat syn eigen, ôfwikende foarmen falle litten en mear gongbere út 'e oangrinzgjende dialekten, benammentlik it Aldamtsk, oernommen.
It no noch de meast fan it Nederlânsk ôfwikende Nedersaksyske dialekten binne it Grinslânsk yn syn heel en it Eastlik Twintsk.
Yn de Limers, yn súdeastlik Gelderlân, en yn 'e Gelderske Delling, yn eastlik Utert en westlik Gelderlân, wurde oergongsdialekten tusken it Nederlânsk en it Nedersaksysk sprutsen (it Limersk resp. it Eemlânsk). Dy beide farianten wurde lykwols beskôge as dialekten fan it Nederlânsk.
[bewurkje seksje] Boarnen
- Bloemhoff, H., Stellingwerfs, Den Haach, 2002.
- Crystal, D., The Penguin Dictionary of Language (second edition), Londen, 1999.
- Feenstra, H., Duizend jaar Gronings taallandschap, Bedum, 1998.
- Gorter, D., en Jonkman, R.J., Taal yn Fryslân op 'e Nij Besjoen, Ljouwert, 1995.
- Hofstra, T., Oudnoors I, Grins, 1996.
- Jansma, K., Friesland en zijn 44 gemeenten, Ljouwert, 1981.
- Nieuwenhuijsen, P.M., Het Verschijnsel Taal, Bussum, 1995.
- Reker, S., Gronings, Den Haach, 2002.
- Sijs, N. van der, ûnder redaksje fan, Taaltrots - Purisme in een Veertigtal Talen, Amsterdam/Antwerpen, 1999.