Grins (stêd)
Ut Wikipedy
Grins is de haadstêd fan de provinsje Grinslân en ek it haadplak fan de gemeente Grins. De stêd is fierwei de grutste stêd fan it noarden fan Nederlân mei sa'n 180.487 ynwenners (2005). Grins is foaral in studintestêd, mei de Ryksuniversiteit Grins (RUG) en de Hânzehegeskoalle Grins. Tegearre hawwe dizze twa ynstituten mear as 40.000 studinten. De stêd stiet bekend om syn 97 m hege Martinitoer, troch de Grinzers ek wol d'Olle grieze (âlde grize) neamd.
[bewurkje seksje] Skiednis
Grins is ûntstien op de noardlikste útrinner fan de Hûnsrich. It doarp waard in belangryk hannelsplak en yn de 13e ieu waard der in wâl om it plak lein en waard it lid fan de Hânze.
Yn 1614 krige Grins syn universiteit. Letter yn de 17e ieu waard in nije omwâling oanlein, ûntwurpen troch festingbouwer Menno van Coehoorn. Yn it rampjier 1672 waard Grins in skoft belegere troch de biskop fan Münster, Bernard von Galen. Elts jier op 28 augustus fiert de stêd de oerwinning op Bommen Berend.
[bewurkje seksje] Hannel en yndustry
De stêd is in belangryk hannelsplak bleaun en hat dêrneist ek in grutte fiedingsmiddelsyndustry (sûker, tabak, kofje). Mei twa sûkerfabriken is Grins de grutste sûkerstêd fan Jeropa.