Kollumerlân
Ut Wikipedy
Gemeente Kollumerlân
|
|||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
Provinsje | Fryslân | ||||||
Boargemaster | B. Bilker | ||||||
Haadplak | Kollum | ||||||
Gebiet - wetter |
116,35 km² - 6,40 km² |
||||||
Ynwenners | 13.128 | ||||||
Ferkearsieren | N355, N358 | ||||||
Netnûmer | 0511, 0594 | ||||||
Postkoades | 9291-9299, 9851-9853 | ||||||
Offisjele webstee | www.kollumerland.nl |
Kollumerlân (Kollumerland c.a.) is in gemeente yn it noardeasten fan Fryslân, mei 13.128 ynwenners (1 jannewaris 2004) en in gebiet fan 116,35 km2, wêrfan 6,40 km2 wetter.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Gebiet
It Dokkumer Djip en it Alddjip foarmje yn it noardwesten de grins mei Dongeradiel. Yn it westen foarmje de Terpwei, de Petsleat en de Langwaerster Wei, en sa fierder tusken De Westerein en Sweagerbosk troch de grins mei Dantumadiel.Yn it suden foarmje de Swadde, de Swaddesleat, de Hessewei en de Lauwers de grins mei Achtkarspelen. En yn it easten en noardeasten foarmje de Alde Lauwers, it Muntsjesylster Ryd, it noardlik part fan de Stêdswei en sa fierder nei de Sâltkamper Ril de grins mei Grinslân.
[bewurkje seksje] Skiednis
Oant en mei de 14e ieu wie Kollumerlân in part fan Dantumadiel. Dêrnei wurde der twa nije gritenijen neamd: Eastbroeksterlân, eastlik fan Dantumadiel, en Kollumerlân, om Kollum hinne. Yn 1443 slute beide gritenijen in ferbûn mei Grins. Wylst Grins hjir it bewâld hie makken de Fetkeapers út de beide gritenijen it de Skieringers lestich.
Yn 1497 naam Albrecht fan Saksen it bewâld yn Fryslân oer, en ferbruts de ferbining mei Grins. Mar yn 1515 keas Kollumerlân foar Gelre, en bleau oant 1523 Geldersk.
Yn die tiid waard der allinnich noch sprutsen fan "Kollumerlân", mar doe't begûn waard mei it bedykjen fan it Kruislân waard dat, oant 1578 as in selstannige gritenij bestjoerd.
By it ôfdamjen fan de Lauwerssee krige Kollumerlân der yn ien kear in grutte lape lân by yn de foarm fan de platen dy't oan de súdkust fan de see lein hienen.
[bewurkje seksje] Plakken
It haadplak fan de gemeente is de flekke Kollum. De oare plakken yn de gemeente binne: Aldwâld, Boerum, Feankleaster, Kollumerpomp, Kollumersweach, Lytsewâld, Muntsjesyl, De Trieme, Warfstermûne, Westergeast en Sweagerbosk.
[bewurkje seksje] Untwikkeling ynwennertal
- 2004 - 13.128
- 2003 - 13.363
- 1973 - 11.341
- 1969 - 10.358
- 1964 - 10.122
- 1959 - 10.021
- 1958 - 10.020
- 1954 - 10.433
- 1939 - 9.530
- 1840 - grut 6.000
- 1811 - 4.242
- 1744 - 3.304