See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Marokko - Wikipedy

Marokko

Ut Wikipedy


Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


المملكة المغربية
Al-Mamlaka al-Maghribiya
Flagge fan Marokko Wapen fan Marokko
Motto: الله، الوطن، الملك  (Arabysk)
"Allāh, al Waţan, al Malik"  
"God, Steat, Kening"
Folksliet: Hymne Cherifien
Lokaasje fan Marokko
Offisjele taal Arabysk
Haadstêd Rabat
Steatsfoarm Parlemintêre monargy
Gebiet
% wetter
710.450 km²
2,8­%
Ynwenners (2007) 33,8 miljoen
Munt Marokkaanske dirham (MAD)
Tiidsône UTC 0
Nasjonale feestdei 30 july
Lânkoade MAR
Ynternet .ma
Tillefoan +212

It Keninkryk fan Marokko (Arabysk: المملكة المغربية‎) is in lân yn Noard-Afrika. It hat in lange kustline oan de Atlantyske Oseaan dy't grinzet oan de Strjitte fan Gibraltar en eastlik dêrfan de Middellânske See. It grinzet oan Algerije yn it easten, de Middellânske See dêr't it grinzet oan Spanje en de Atlantyske Oseaan yn it westen. Der binne twa Spaanske enklaves yn it noarden. Marokko hat diplomatyk besocht de Westlike Sahara ûnder har regear te krijen.

Marokko is it ienigste lân dat net fertsjintwurdige is yn 'e Afrikaanske Uny. Hawar, it is in stiper fan de Arabyske Liga, Arabyske Maghreb Uny, Konferinsje fan Islamityske steaten, en is as net-NAFO lid in wichtige partner fan de Feriene Steaten.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Demografy

De befolkingsgroei is yn de 20e ieu acht kear sa grut wurden. Yn 1900 wiene der 3,8 miljoen Marokkanen en yn 2004 29,9 miljoen. Marokko is nei Egypte, Sûdan en Algerije, it grutste Arabyske lân nei ynwennertal.

Neffens de offisjele sifers is 50 prosint fan de befolking analfabeet, mar dit tal moat winliken heger lizze.

[bewurkje seksje] Befolking

Om-ende-by trijekwart fan de befolking is Berbers, it oare part binne benammen Arabieren. Eartiids wennen der in soad Joaden yn Marokko, mar dizze groep is yn 'e rin fan de 20e ieu lytser wurden nei likernôch 7.000 hjoed de dei. Fierders hat Marokko om de 100.000 allochtoanen hinne. Dizze bewenners binne fral Frânsen en Spanjerts, wêrfan in soad leararen en technysk kwalifisearre personiel, mar ek pinsjonearden, benammen yn Marrakesh.

[bewurkje seksje] Taal

De offisjele taal yn Marokko is it (standerd) Arabysk. Men brûkt it Arabysk as ûnderrjochttaal en as amtstaal. It meast brûkte Arabyske dialekt is it Darija. Oare talen dy't yn Marokko sprutsen wurde binne de Berbertalen (Tarifit/Riffynsk), Tasjelhiyt, Tamazigt), Frânsk (faak de taal fan bedriuwen, oerheid en diplomaten, mar ek yn winkels, restaurants en ek ûnderling, wylst yn it eardere Spaansk Marokko, faak Spaansk as twadde taal brûkt wurdt.

[bewurkje seksje] Godstsjinst

Likernôch 98,7% fan de befolking is Islamitysk, dy't suver allegear sûnitysk binne. Lytsere godstsjinsten binne it kristendom (1,1%) en it joadendom (0,04%).

[bewurkje seksje] Untwikkeling

  • 2007 - 33,8 miljoen
  • 2005 - 31,9 miljoen
  • 2004 - 29,9 miljoen.
  • 1900 - 3,8 miljoen
Oare talen


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -