Afrika
Ut Wikipedy
Afrika is in wrâlddiel en hjirmei wurdt it gebiet rekkene tusken:
- yn it noarden Middellânske See, as grins mei Jeropa
- yn it noardeasten de Lângente fan Suez, as grins mei Aazje
- yn it easten en suden de Yndyske Oseaan
- yn it westen de Atlantyske Oseaan
Afrika wie yn de Aldheid earst foarbehâlden oan it gebiet fan it hjoeddeiske Tuneezje. Letter waard de hiele kuststrook Afrika neamd en yn de tiid fan de ûntdekkingsreizen waard it hiele wrâlddiel hjirmei oantsjutten. It kontinint telde yn 2000 ûngefear 795 miljoen ynwenners. Frijwol hiel Afrika heart ta de Tredde Wrâld. Sommige minsken rekkenje it hiele kontinint hjir ta, oaren allinnich de lannen besuden de Sahara, mei útsûndering fan Súd-Afrika.
De namme Afrika soe ûntliend wêze oan it Foenisyske wurd afrid. Mar oaren stelle dat de namme Afrika te werom te bringen is ta de Amazighyske goadinne ifri (wat grot betsjut). Dizze godin waard letter troch de Romeinen oernaam.
[bewurkje seksje] Lannen
Der lizze 54 selsstannige lannen hielendal of foar in part yn Afrika:
- Algerije
- Angoala
- Benyn
- Botswana
- Bûrkina Faso
- Bûrûndy
- Dzjibûty
- Egypte
- Ekwatoriaal-Guinee
- Eritrea
- Etioopje
- Gabon
- Gambia
- Gana
- Guinee
- Guinee-Bissau
- Ivoarkust
- Kaapverdje
- Kameroen
- Kenya
- de Kongo (demokratyske republyk Kongo, it eardere Saïre)
- de Kongo (republyk Kongo)
- Komoaren
- Lesoto
- Libearia
- Lybje
- Madagaskar
- Malawy
- Maly
- Marokko
- Mauritaanje
- Mauritsius
- Mozambyk
- Namybje
- Nigearia
- Niger
- Rûanda
- Sambia
- Sao Tomee en Prinsyp
- Senegal
- De Seysjellen
- Sierra Leöane
- Simbabwe
- Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Somaalje
- Spanje
- Súd-Afrika
- Sûdan
- Swazilân
- Tanzania
- Togo
- Tsjaad
- Tuneezje
- Uganda