See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Algerije - Wikipedy

Algerije

Ut Wikipedy

al-djoemhoeriyya al-djaza'iriyya al-dimoeqratiyya al-sa'biyya
Flagge fan Algerije Wapen fan Algerije
Motto: من الشعب و للشعب
(Arabysk: De revolúsje, troch de minsken en foar de minsken)
Folksliet: Kassaman
Lokaasje fan Algerije
Offisjele taal Arabysk
Haadstêd Algiers
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
2.381.740 km²
-­%
Ynwenners (2005) 32,8 miljoen
Munt Algerijnske dinar (DZD)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 1 novimber (1954)dei fan de revolúsje
Lânkoade DZA
Ynternet .dz
Tillefoan +213

Algerije (Arabysk: الجزائر; Berbersk: Lz̦ayer), folút de Demokratyske Folksrepublyk Algerije, is in lân yn it noarden fan it wrâlddiel Afrika.

It lân wurdt begrinzge troch:

Ynhâld

[bewurkje seksje] Demografy

De haadstêd en grutste stêd fan it lân is Algiers. De measte minsken, 70%, wenje yn de brede, bercheftige kuststreek, part fan de Magrib. It grutste part fan it lân, besúden it Atlasbergte, is part fan de noardelike Sahara. Hjir wenje de minsken meast by oazen, al is der ek noch hieltiid in part nomaden yn it lân. De ynwenners fan Algerije binne yn it noarden lykwols allegear Arabyren. Fierder nei it súden wenje de Berber mei harren Berbertaal. Njonken it Arabysk en it Berbersk is it Frânsk in sprektaal mar hat gjin offisjele status.

De oerhearskende godstsjinst is de Islam, en der is gjin frijheid fan godstsjinst. Sa hawwe hja bygelyks straffen foar it bekearen nei in oar leauen. Foar 1962 hie Algerije hûnderd tûzenen Roomsk Katolyken, yn 2006 binne der likernôch 11.000 oer.

[bewurkje seksje] Skiednis

Mei de komst fan Islam kamen yn'e 8e ieu in protte feroaringen yn it lân. Arabysk waard de nije taal en de Islam it nije leauen, der wienen doe al in grut tal minsken dy Kristlik of Berberleauen bleaun oanhingjen. Oant 777 wie Algerije in part fan it Arabyske Ryk ûnder de Omajjaden. Nei 777 krige it mear ûnôfhinkelikens ûnder de Rustamiden dynasty. Letter wieden de Fatimiden, de Almoraviden en de Almohaden oerhearskend.

Yn 1516 feroerde it Ottomaanske Ryk Algerije, dit bleau sa oant healwei de 19e ieu. De Frânsen feroerden Algerije healwei de 19e ieu en fêstige hjir in Frânske kolony.

[bewurkje seksje] ûnôfhinkelikens

Yn Novimber 1954 ferklearre it Front de Libération Nationale (FLN) de kriich oan de Frânsen. Mei in ûnôfhinkelikenskriich mei folle blûd wie Algerije yn 1962 ûnôfhinkelik.

Tsjin de winsk fan'e Frânsen yn Algerije, ferklearre Presidint Charles de Gaulle Algerije op 3 July 1962 ûnôfhinkelik. Op 25 Septimber 1962 waard offisjeel de nije republyk stift.

Ahmed Ben Bella, stifter fan it FLN, waard premier en in jier letter waard hy presidint fan Algerije.

Op 19 juny 1965 besocht kolonel Houari Boumédienne de macht oer te nimmen en ynstee fan in demokraty in militêre diktatuur yn te fieren. Hawar, nei tsien jier regearen oer Algerije ferklearre Boumédienne dat it tiid wie foar ferkiezings. De nije grûnwet waard per referindum oannaam yn novimber 1976. Meidat allinich FLN-leden it rjocht hiene op'e ferkiezings list te stean, waard Boumédienne op'e nij as presidint keazen.

De ferkiezings fan desimber 1991 binne wûn troch it Islamityske Front Islamique du Salut'. De oerwinning fan it Islamityske FIS kaam hurd oan yn Frankryk. De armme besocht de macht oer te nimme, tenei it FIS ferbean waard en presidint Bendjedid, dy herfoarmings tasein hat, waard ôfset. Syn plakferfanger waard de stugge Liamine Zeroual, dy stipe hie fan it Frânske regear. Yn tsjinstelling oant wat folle minsken yn harren tinzen hieden. Kaam der dochs yn geurilja kriich en waard mei in terroristyske kriich tsjin de steat útein set. Likernôch 100.000 minsken binne yn de boargerkriich ferstoarn.

Yn 2003 waard it noarden troch in swiere ierdbeving troffen.

[bewurkje seksje] Bestjoerlike yndieling

Algerije is diele yn 48 provinsjes. In oersjoch fan bestjoerlike yndieling nei provinsjes:

  • 1 Adrar
  • 2 Ain Defla
  • 3 Ain Temouchent
  • 4 Alger
  • 5 Annaba
  • 6 Batna
  • 7 Bechar
  • 8 Bejaia
  • 9 Biskra
  • 10 Blida
  • 11 Bordj Bou Arreridj
  • 12 Bouira
  • 13 Boumerdes
  • 14 Chlef
  • 15 Constantine
  • 16 Djelfa
  • 17 El Bayadh
  • 18 El Oued
  • 19 El Tarf
  • 20 Ghardaia
  • 21 Guelma
  • 22 Illizi
  • 23 Jijel
  • 24 Khenchela
  • 25 Laghouat
  • 26 Mascara
  • 27 Medea
  • 28 Mila
  • 29 Mostaganem
  • 30 M’Sila
  • 31 Naama
  • 32 Oran
  • 33 Ouargla
  • 34 Oum el-Bouaghi
  • 35 Relizane
  • 36 Saida
  • 37 Setif
  • 38 Sidi Bel Abbes
  • 39 Skikda
  • 40 Souk Ahras
  • 41 Tamanghasset
  • 42 Tebessa
  • 43 Tiaret
  • 44 Tindouf
  • 45 Tipaza
  • 46 Tissemsilt
  • 47 Tizi Ouzou
  • 48 Tlemcen
Kaart mei provinsjes fan Algerije
Oare talen


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -