Westlike Sahara
Ut Wikipedy
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
|
De Westlike Sahara is in gebiet yn Afrika. It wurdt begrinze troch:
- Marokko yn it noarden;
- Algerije yn it westen;
- Mauretaanje yn it noardwesten;
- De Atlantyske Oseaan yn it westen;
- De Kanaryske Eilannen lizze noardwestlik fan de oseaankust.
It is in woastyngebiet mei in rotseftich en sânich oerflak. El Aaiún is de grutste en wichtichste stêd, mei in befolking sa om-ende-by 198.200 ynwenners. Oare stêden binne Boujdour, Dakhla en Smara.
Fan 1884 oant 1975 wie it gebiet, dat bestiet út de regio's Saguia el-Hamra en Rio de Oro, in koloanje fan Spanje en hiet it Spaanse Sahara. Sûnt dy tiid is de status fan it gebiet in striidkwestje. De Westlike Sahara waard troch Marokko ynlive, mar mei stipe fan Algerije waard op 27 febrewaris 1976 de Arabyske Demokratyske Republyk Sahara (ADRS) útroppen as ûnôfhinklike steat. Lykwols wurdt it grutste part fan it gebiet troch Marokko bestjoerd; likernôch ien fiifde part fan it oerflak is yn hannen fan de ADRS.