See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Kanaryske Eilannen - Wikipedy

Kanaryske Eilannen

Ut Wikipedy

Kanaryske Eilannen
Flagge Wapen
Lokaasje yn Spanje
Algemien
Haadstêd Las Palmas de Gran Canaria en Santa Cruz de Tenerife
Oerflakte 7.447
Befolking 1.968.280
Befolkingstichtens 264,30
Oare ynformaasje
Heechste punt
Provinsjes Las Palmas en Santa Cruz

De Kanaryske Eilannen (Spaansk: Las Islas Canarias) binne in groep fan eilannen yn de Atlantyske Oseaan, dy by Spanje hearre mar foar de kust fan de Westlike Sahara en Marokko lizze.

[bewurkje seksje] Geografy

Der binne sân grutte eilannen, âlde fulkanen dy't út it wetter fan de Atlantyske Oseaan stekke:

  • Fuerteventura
  • Gomera
  • Gran Kanaria
  • Hierro
  • Lanzarote
  • La Palma
  • Teneryf

De eilannen binne opdield yn twa provinsjes. De eastlike eilannen foarmje de Provinsje fan Las Palmas, mei as haadstêd Las Palmas op Gran Kanaria. De westlike eilannen foarmje de Provinsje fan Santa Cruz fan Teneryf, mei Santa Cruz as haadstêd.

De eilannen binne polityk en ekonomysk part fan Spanje, mar geologysk binne se part fan Afrika. De koarte ôfstân tusken de eilannen en de fêste wal is 108 km. It foar in part subtropyske klimaat makket de eilannen in populêr fakânsjeplak foar likernôch tsien miljoen minsken jiers.

[bewurkje seksje] Skiednis

De Griken hienen ferhalen oer de Loksillige Eilannen fier yn it westen, mar it is net wis of dat de Kanaryske Eilannen wienen. De namme Kanaryske eilannen komt fan de Romeinen, mar de oarsprong dêrfan is ek net wis. Ien ferklaring is dat in ekspedysje fan Juba fan Mauritaanje 40 f. Kr. op de eilannen gjin minsken fûn, mar allinnich in lytse ruïne, en op ien eilân wylde hûnen. (Canis is Latyn foar hûn.) In oare útlis is dat oan de Atlantyske kust fan Noard-Afrika in folk wenne dat de Romeinen Canarii neamden, om't de minsken fan dat folk harren iten dielden mei harren hûnen.

Der binne wier tige âlde ruïnes op de eilannen, dy't skynber gjin ferbân hâlde mei de Guanches. Hoenear de Guanches op de eilannen oankaam binne is ek net wis, mar nei alle gedachten binne se fan Berberse komôf, en dan soenen se út it noardwesten fan Afrika komme. Harren kultuer hie gjin oanwiisbere Arabyske ynfloeden, dat de Guanches soenen nei de eilannen kaam wêze moatte eart de Arabieren Noard-Afrika ynnamen.

Yn 999 ûntdutsen de Arabieren de eilannen, en in de 14de ieu dienen de Jeropeanen itselde. Yn 1385 begûn it oernimmen fan de eilannen troch Kastylje, mei it ûntromjen fan hiel Lanzarote. De earste festiging fan op de eilannen wie yn 1402, mar om't Spanje kolonisaasje net organisearre, en troch it ferset fan guon fan de Guanges, duorre it oant 1495 eart alle eilannen ynnaam wienen.

Foar safier de Guanges net dea wienen, of as slaaf weifierd waarden, rekken se fermingd mei de nije Spaanske ynwenners, oant der net langer in aparte Guange-befolking op de eilannen wie. De eilannen waarden ta it lêste oanlisplak foar Spaanske skippen dy't nij de Nije Wrâld gongen. De mooglikheden lutsen keaplju oan, en de eilannen waarden ryk. Mar de eilannen waarden ek ta doelwyt fan bygelyks de Ingelske float.

Meidat de ferhâldings tusken kolonies en memmelannen feroaren, feroare ek de posysje fan de eilannen. Yn de 18e en 19e ieu feroare de woltier fan de eilannen mei ynhoefier de Spaanske wetten de hannel fan de eilannen beheinden. Yn it begjin fan de 20e ieu wie der in protte emigraasje nei Kuba en letter nei Fenezuëla, mar yn de twadde helte waarden de wetten liberaler, en waard it toerisme hieltyd wichtiger foar de eilannen.


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -