See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Koudum - Wikipedy

Koudum

Ut Wikipedy

de himrik fan Koudum
de himrik fan Koudum

Koudum is in doarp yn de gemeente Nijefurd mei likernôch 2.600 ynwenners (2004). Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie Koudum it haadplak fan de gemeente Himmelumer Aldefurd. De namme 'Koudum' is nei alle gedachten ôflaat fan 'kol' en 'widum', wat 'heechste punt fan de bosk' betsjut. Yn 2006 wûn Koudum de Jeropeeske doarpsfernijingspriis.

Nei 1960 hat Philips hjir in festiging hân dy't letter nei Snits gien is en in Sosjaal Wurkplak. Tichtby de Galamadammen leit rekreaasjesintrum De Kuilart mei in jachthaven, in camping en in swimbad.

Ynhâld

[bewurkje seksje] It besjen wurdich

  • De herfoarme tsjerke hat protestantsk ynterieur.
  • Yn de Molebuert stiet de stellingmole De Flyt en yn de omkriten in wynmotor.
  • De Rjochting, in wynwizerkeunstwurk by de jachthaven.

[bewurkje seksje] Mienskip

It multyfunksjonele sitrum fan Koudum hjit De Klink. Foar de bern is der soos De Dobbe. DBK is de feriening foar befoardering belangen fan Koudum. Wa't lid is krijt fergees it krantsje "Bulte Nijs". Yn MFA De Swel sitte Doarpsbelangen, it jeugdhonk, de fêstiging fan 'Bogerman', it keunstensintrum en de radiostudio's yn ien gebou. Op dit stee wie earder in sânôfgraving mei in koloanje swellenêsten. De Sândobbe is de sporthal fan it doarp, oan de Boppewei is keatsfjild It Smûkelân. De Welle de It Grovestinshôf binne de basisskoallen en Nij Begjin it pjuttboartersplak. De Súdwester is de feriening foar kultuer en Ferdivedaasje. De Koudumer Stifting Trochgeanset him yn foar de belangen fan ynwenners fan Koudum en de fierdere Súdwesthoeke.

[bewurkje seksje] Ferienings

  • Nij Libben - muzykkorps
  • Artiku - toaniel
  • SV Oeverzwaluwen - fuotbal, folleybal, gymnastyk, tennis
  • VetZaVot - sealfuotbal
  • It Plúmke - badminton
  • Beantsjes te Wetter - roeien
  • Keatsfreonen - keatsen
  • Moarreruters - hynsteriden

[bewurkje seksje] Ferskaat

  • Yn it wapen en de flagge fan Koudum stiet in stjer as ferwizing nei de eardere bestjoersfunksje. De blauwe kleur ferwiist nei De Fluezen en de giele baan nei de Galamadammen.
  • Foar de simmer, op Himelfeartsdei, is der faak it Dobbefestival.
  • De Koudumer Beantsjes steane sintraal op Beantsjedei. Der is in wedstryd beantsjetriedzen, in beantsjemiel, in beantsjerees en de oanwizing fan 'Beantsje fan it Jier'.

[bewurkje seksje] Berne yn Koudum

  • Piebe Bakker (2 juny 1929), dirigint († 2002) fan Nij Libben
  • [Jacob Binckes]], (1637 - 1677), floathaad yn de tiid fan Tromp en De Ruyter.

[bewurkje seksje] Strjitten

Alle strjitten yn Koudum.

[bewurkje seksje] Befolking:

[bewurkje seksje] Iepenbier ferfier

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Oare talen


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -