Gemeentlike weryndieling
Ut Wikipedy
Gemeentlike weryndieling is it feroarjen fan de grins fan gemeenten. Dit kin barre troch in opskowen fan de grins tusken twa gemeenten, bygelyks om in stêd mear romte te jaan. Of it kin barre troch it gearfoegjen fan gemeenten, bygelyks om de kosten omleech te bringen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Gemeentlike weryndielings yn Fryslân
Yn de tiid fan de republyk binne de gritenijen meast ûnferoare bleaun. Mar sûnt it ûntstean fan de gemeenten yn 1851 hawwe der ferskate feroarings west.
[bewurkje seksje] It Hearrenfean
Yn 1934 waard de flekke It Hearrenfean, dy't yn trije gemeenten lei, it haadplak fan in nije gemeente. Aenjewier en Skoatterlân waarden gearfoege, útsein de Westhoeke van Skoatterlân, dy't by Haskerlân kaam, wylst it stik fan de flekke oer de Hearresleat yn Haskerlân by de nije gemeente kaam. De namme van de gemeente waard dy fan de flekke; wat yn Fryslân gjin wisânsje is foar plattelânsgemeenten mar tsjin de plannen yn sa troch it regear fêststeld waard.
[bewurkje seksje] Ljouwert
Yn 1941 waard it sudertrimdiel fan Ljouwerteradiel tafoege oan Ljouwert.
[bewurkje seksje] 1984
Yn Fryslân hat yn 1984 in grutte gemeentlik weryndieling west:
- Baarderadiel en Hinnaarderadiel waarden gearfoege ta Littenseradiel.
- West-Dongeradiel, East-Dongeradiel en Dokkum waarden gearfoege ta Dongeradiel.
- It part fan Barradiel east fan Furdgum waard tafoege oan It Bilt.
- Barradiel besúden de Rie en Frjentsjerteradiel bewesten de Slachtedyk waarden tafoege oan Harns.
- Frjentsjer en de rest fan Barradiel waarden tafoege oan Frjensjerteradiel.
- Raerderhim, Idaarderadiel en it grutste part fan Utingeradiel waarden gearfoege ta Boarnsterhim.
- It part fan Utingeradiel besuden de Terkaplester Puollen waard mei de measteparten fan Haskerlân en Doanjewerstâl gearfoege ta Skarsterlân.
- De rest fan Haskerlân, de Feanpolder Dolsterhuzen, waard tafoege oan Lemsterlân.
- It part fan Wymbritseradiel oan de Snitser Mar waard tafoege oan Snits.
- Drylts en it part fan Doanjewerstâl bewesten it Prinses Margrietkanaal en benoarden de Fokkegrêft waarden tafoege oan Wymbritseradiel.
- Warkum, Hylpen, Starum en it meastepart fan Himmelumer Aldefurd waarden gearfoege ta Nijefurd.
- Sleat en Himmelumer Aldefurd besuden de Fluezen waarden tafoege oan Gaasterlân.
- It part fan Dantumadiel noardlik fan de Dokkumer Ie en Burdaard waard tafoege oan Ferwerderadiel.
[bewurkje seksje] Takomst
Sûnt de ein fan de 20e ieu wurdt der sjoen nei it wer gearfoegjen fan de Stellingwerven. Ek oare gemeenten wurkje oan, as net gearfoeging, dan dochs gearwurking.