Stasjon Ljouwert
Ut Wikipedy
Stasjon Ljouwert is it wichtichste treinstasjon yn Ljouwert.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Gebou
It stasjon fan Ljouwert is boud yn de jierren sechtich fan de 19e ieu. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in station fan it type SS tredde klasse.
Fan de fjouwer noch besteande stasjons fan dit type, steane der trije oan de line Harns – Nijeskâns. Dat binne Harns (1863), Ljouwert (1863) en Wynskoat (1865).
Oars as de beide oare stasjons, dy't noch foar it grutstepart yn âlde steat binne, is it stasjon fan Ljouwert letter yngeand ferboud. Yn 1890 kaam der oan de eastside in nije fjouwerkante oanbou, de sydfleugels waarden yn 1924 ferboud. Yngripender wie de fernijing fan it middendiel yn 1904. Op it plak fan it oarspronklike gebou kaam in hege nije hal mei in grut healrûn finster. Yn 2000 is it stasjon nochris ferboud en modernisearre.
[bewurkje seksje] Steatsspoar
It station waard yn gebrûk nommen op 27 oktober 1863 mei de iepening fan it spoar fan Harns nei Ljouwert. Dat spoar wie it twadde spoar dat troch de Maatskippij ta Eksploitaasje fan Steatsspoarwegen (SS) yn gebrûk naam waard. Yn 1866 waard de line ferlinge mei it spoar fan Ljouwert nei Grins. It trajekt makke diel út fan de troch de Steat der Nederlannen oanleine Spoar B, fan Harns nei Nijeskâns, dat ree kaam yn 1868.
Yn 1868 kaam ek it spoar fan Swol nei Ljouwert ta stân, wêrtroch de Fryske Haadstêd in streekrjochte spoarferbining mei de rest fan Nederlân krige. It wie in part fan de yn 1865-1868 troch de Steat der Nederlannen oanleine Spoar A, fan Arnhim nei Ljouwert. It spoar fan Swol nei Ljouwert waard yn 1952 elektrifisearre.
[bewurkje seksje] Hollânske Spoar
It spoar fan Ljouwert nei Starum waard yn 1883-1885 yn gebrûk nommen troch de Hollandsche IJzeren Spoorweg-Maatschappij (HSM) as ûnderdiel fan de ferbining tusken Amsterdam en de Fryske haadstêd, fia de rûte Amsterdam – Inkhuzen – Starum – Ljouwert. Tusken Inkhuzen en Starum wie in fear oer de Sudersee.
[bewurkje seksje] Dokkumer Lokaeltsje
As lêste waard fanút Ljouwert yn 1901 noch in spoar yn noardlike rjochting oanlein. Dat waard it spoar fan Ljouwert nei Eanjum fan de Noard-Fryske Lokaalspoarwei-Maatskippij (NFLS) dat oer Stiens ferbinings fersoarge mei ûnder oare Dokkum, en dêrom ek bekend as it Dokkumer Lokaeltsje. It lêste part fan dit lokaalspoar, de ferbining Ljouwert – Stiens, waard op 1 maart 1997 offisjeel bûten gebrûk steld, mar foar it meastepart leit it der noch.
[bewurkje seksje] Oare stasjons
Tusken 2008 en 2012 sil Stasjon Ljouwert Werpsterhoek oanlein wurde oan it spoar nei Swol.
[bewurkje seksje] Keppelings om utens
[bewurkje seksje] Literatuer
- Stationsweb.nl.
- H. Romers, De Spoarwei-arsjitektuer yn Nederlân, 1841-1938, Sutfen 1981
- C. Douma, Stasjonarjitektuer yn Nederlân, 1938-1998, Sutfen 1998