>


Web - Amazon

We provide Linux to the World


We support WINRAR [What is this] - [Download .exe file(s) for Windows]

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
SITEMAP
Audiobooks by Valerio Di Stefano: Single Download - Complete Download [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Alphabetical Download  [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Download Instructions

Make a donation: IBAN: IT36M0708677020000000008016 - BIC/SWIFT:  ICRAITRRU60 - VALERIO DI STEFANO or
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Sudersee - Wikipedy

Sudersee

Ut Wikipedy

De Ôfslútdyk en droechlizzings
De Ôfslútdyk en droechlizzings


De Sudersee wie de namme fan de grutte binnensee, dy’t oant de sluting fan de Ôfslútdyk (1932), ûnder oare lei op it plak fan wat no Iselmar hjit.


Ynhâld

[bewurkje seksje] Algemien

Nei it lizzen fan de Ôfslútdyk waard it wetter Iselmar neamd, nei de rivier de Isel dy’t deryn útmûnet. De hjoeddeiske Iselmar is noch mar heal sa grut as de oarspronklike see. It oare diel fan de eardere Sudersee is troch ynpolderingen lân wurden. Benammen yn it súdeastlike diel binne in soad nije polders oanlein. Dizze foarmje mei-inoar de hjoeddeiske provinsje Flevolân. De Iselmar is mei de oanlis fan de Houtribdyk yn 1976 opsplitst yn twa dielen. It súdlike gedeelte wurdt sûnt dy tiid Markermar neamd, in benamming dy’t fuortkomt út de de plande ynpoldering fan dit gebiet ta Markerwaard. Dit polderplan is fan’e baan.

[bewurkje seksje] skiednis

De Sudersee ûntstie yn de rin fan de Midsieuwen út in marrenkompleks dat yn de Romeinske tiid al bekend stie as Flevo Lacus. De bytiden woaste binnensee wie sawol in flok as in seine foar de bewenners fan it omlizzende lân. Ferskate wettersneden troffen de omlizzende gebieten.

Hannelsskippen befarden de see; havenstêden lykas Kampen en Hurderwyk hearden ta de Hânze, en oer de Sudersee farden VOC-skippen nei Hoarn en Amsterdam. Der waard ek folop fiske. Yn 1900, doe’t de Suderseefiskerij op har hichtepunt wie, wienen der sa'n 3000 platboaiems aktyf dêr’t mei fiske waard op hjerring, ansjofisk, iel, bot en garnalen.

Kearside wienen de allegeduerige oerstreamingen, wêrby’t geregeld in soad slachtoffers foelen. In soad eardere fiskersdoarpen om de eardere Sudersee hawwe in monumint foar fiskers dy’t net fan see weromkamen.

Yn de rin fan de njoggentjinde ieu kaam it plan om de Sudersee hielendal of gedeeltlik yn te polderjen.

Foar de ynternasjonale hannelsfeart wie de Sudersee doe al net mear sa wichtich. Ynpoldering paste ek yn it lauwen yn foarútgong fan it tiidrek fan de yndustriële revolúsje. It projekt soe in soad nije lânbougrûn opleverje, en soe de ivich bedrige kustline mei mear as 250 kilometer ynkoarte. Dat lêste wie fan grut belang, omdat de Sudersee bekend stie as in woaste see, dy’t geregeld soarge foar oerstreamings yn it hieltiten tichter befolke Nederlân.

[bewurkje seksje] Suderseewurken

Satellytfoto fan de Ôfslútdyk
Satellytfoto fan de Ôfslútdyk

Yn 1886 rjochten inkele pommeranten de Suderseeferiening op, dy’t ûndersykje moast oft droechlizzen helber wie. Ir. Cornelis Lely kaam yn 1886 as yngenieur dêr’t in soad fan ferwachte waard by dizze feriening yn tsjinst. Hy tekene yn 1891 it earste plan foar de ôfsluting fan de Sudersee. Yn 1913, doe’t Lely yntiden foar de tredde kear minister fan Wettersteat wie, waard ynpoldering opnommen yn it regearingsprogramma - ûndanks protesten fan de fiskerijsektor. Nei de wettersneedramp fan 1916 wie der draachflak foar it megaprojekt en twa jier letter gie it parlemint akkoard.

In juny 1920 waard it earste diel fan de Suderseewurken oanbestege: de oanlis fan de 2,5 kilometer lange Amsteldjipdyk fan Noard-Hollân nei it eilân Wieringen. By dat projekt waard nuttige ûnderfining opdien dy’t letter fan pas kaam by de oanlis fan de Ôfslútdyk. Yn augustus 1930 waard de Wieringermarpolder droechlein. It hat de ienige Suderseepolder west. De polder waard foar de ôfsluting fan de see droechlein omdat der in hiele grutte fraach wie nei lânbougrûn. De oanlis fan de Ôfslutdyk begûn yn jannewaris 1927. Op 28 maaie 1932 waard de daam sluten. Tusken 1936 en 1968 is wurke oan de Iselmarpolders (Noardeastpolder, Eastlik Flevolân en Súdlik Flevolân, de hjoeddeiske provinsje Flevolân). Yn it earstoan wienen der plannen om noch mear lân yn te polderen. Sa waard yn 1976 noch dwers troch de Iselmar de Houtribdyk oanlein yn ferbân mei de plande ynpoldering fan de Markerwaard. Dizze is der noait komd troch finansjele redenen en fanwege tanimmend ferset tsjin fierdere oantaasting fan it gebiet om de eardere Sudersee. Op dy manier ha de omkriten oan de noardgrins fan Amsterdam (De regio Wetterlân) it oarspronklike "iepen" karakter hâlden.

De ôfsluting hie grutte gefolgen foar de fiskerij en de natoer, en betsjutte de ein foar de tûzenen fiskers dy’t op de Sudersee harren brea fertsjinnen. Nei de foltôging fan de Ôfslútdyk feroare de eardere see yn in mar. It wetter waard stadichoan hieltyd swieter. Noch in pear jier hâlden de hjerring en de ansjofisk stân, maar doe ferdwûnen se. De brúnfisk en de gewoane seehûn wienen doe al lang fuort. In soad fiskers makken gebrûk fan de Suderseestipewet en fregen in útkearing oan. Oaren waarden bygelyks plomfeehâlder of of boer. Ek fiskhanlers, seilmakkers en skipsbouwers rekken sûnder wurk.

[bewurkje seksje] Hjoeddeiske sitewaasje

Iel bliuwt in wichtige boarne fan ynkomsten foar de fiskers, al kleie dizzen wol oer de sterke taname fan ielskolfers.

Fierder biede de hjoeddeiske Iselmar, de rânemarren en Flevolân rekréaasjemooglikheden foar de oerfolle Rânestêd, mooglikheden foar it weromkringen fan de wenningneed yn dyselde Rânestêd en is der "nije natoer" ûntstien lykas de Eastfardersplassen yn Súdlik Flevolân.

[bewurkje seksje] Eartiidske Suderseekust

De eardere kustline fan de Sudersee kin noch folge wurde troch de 400 kilometer lange Sudersee fytsrûte. Yn Inkhuzen is in Suderseemuseum, wêr’t ûnder oaren in typysk Suderseeplakje neiboud is.

[bewurkje seksje] Histoaryske eardere Suderseeplakken

De Drommedaris, stedspoarte fan Inkhuzen
De Drommedaris, stedspoarte fan Inkhuzen

[bewurkje seksje] Eilannen yn de (eardere) Sudersee

Marken, eilân yn de Markermar
Marken, eilân yn de Markermar

Fan de fiif eilannen dy’t ea yn de Sudersee leinen, bestiet allinnich it foar Amsterdam lizzende Pampus noch as in echt eilân. Ten noarden dêrfan leit Marken (dat sûnt de oanlis fan in daam yn 1957 feitlik in skiereilân is. Wieringen is troch de Wieringermarpolder ûnderdiel wurden fan it fêstelân. Mar der binne plannen it oarspronklike eilân wer los fan it lân te meitsjen middels de oanlis fan de Wieringerrânemar tusken de Amstelmar en de Iselmar. Skoklân en Urk binne opgien yn de Noardeastpolder. Urk is noch wol in selsstannige Nederlânske gemeente.

Iseleach is in keunstmjittich eilân yn de Ketelmar dat oanlein waard fanwege miljeutechnyske redenen.

Yn 1997 is begûn mei it aanlizzen fan it eilân Ramsplaat yn de Iselmûning fan de Ketelmar. Benoarden Andyk hat men it eilân De Kreupel oanlein mei as doel om de foedselboarnen foar de fûgels better berikber te meitsjen. Yn de takomst wol men yn de lijte fan it sirka 70 ha grutte natoerprojekt sawat 20 oanlisplakken oanlizze.

Yn guon boarnen wurdt der ek noch oer it eillân Filla sprutsen yn de Sudersee. Troch de hieltiten grutter wurdendeSudersee waard Nagele earst in eilân foardat it hielendal opgie yn de Sudersee.

[bewurkje seksje] sjoch ek

[bewurkje seksje] Eksterne links


< Static Wikipedia 2008 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2007 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2006 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu

span style="font-weight: bold;">Our
"Network":



Project Gutenberg

href="https://gutenberg.classicistranieri.com">https://gutenberg.classicistranieri.com



Encyclopaedia Britannica 1911

href="https://encyclopaediabritannica.classicistranieri.com">https://encyclopaediabritannica.classicistranieri.com



Librivox Audiobooks

href="https://librivox.classicistranieri.com">https://librivox.classicistranieri.com



Linux Distributions

https://old.classicistranieri.com



Magnatune (MP3 Music)

href="https://magnatune.classicistranieri.com">https://magnatune.classicistranieri.com



Static Wikipedia (June 2008)

href="https://wikipedia.classicistranieri.com">https://wikipedia.classicistranieri.com



Static Wikipedia (March 2008)

href="https://wikipedia2007.classicistranieri.com/mar2008/">https://wikipedia2007.classicistranieri.com/mar2008/



Static Wikipedia (2007)

href="https://wikipedia2007.classicistranieri.com">https://wikipedia2007.classicistranieri.com



Static Wikipedia (2006)

href="https://wikipedia2006.classicistranieri.com">https://wikipedia2006.classicistranieri.com



Liber Liber

href="https://liberliber.classicistranieri.com">https://liberliber.classicistranieri.com



ZIM Files for Kiwix

https://zim.classicistranieri.com





Other Websites:



Bach - Goldberg Variations

https://www.goldbergvariations.org



Lazarillo de Tormes

https://www.lazarillodetormes.org



Madame Bovary

https://www.madamebovary.org



Il Fu Mattia Pascal

https://www.mattiapascal.it



The Voice in the Desert

https://www.thevoiceinthedesert.org



Confessione d'un amore fascista

https://www.amorefascista.it



Malinverno

https://www.malinverno.org



Debito formativo

https://www.debitoformativo.it



Adina Spire

https://www.adinaspire.com




atOptions = { 'key' : 'e601ada261982ce717a58b61cd5b0eaa', 'format' : 'iframe', 'height' : 60, 'width' : 468, 'params' : {} };

Our "Network":

Project Gutenberg
https://gutenberg.classicistranieri.com

Encyclopaedia Britannica 1911
https://encyclopaediabritannica.classicistranieri.com

Librivox Audiobooks
https://librivox.classicistranieri.com

Linux Distributions
https://old.classicistranieri.com

Magnatune (MP3 Music)
https://magnatune.classicistranieri.com

Static Wikipedia (June 2008)
https://wikipedia.classicistranieri.com

Static Wikipedia (March 2008)
https://wikipedia2007.classicistranieri.com/mar2008/

Static Wikipedia (2007)
https://wikipedia2007.classicistranieri.com

Static Wikipedia (2006)
https://wikipedia2006.classicistranieri.com

Liber Liber
https://liberliber.classicistranieri.com

ZIM Files for Kiwix
https://zim.classicistranieri.com


Other Websites:

Bach - Goldberg Variations
https://www.goldbergvariations.org

Lazarillo de Tormes
https://www.lazarillodetormes.org

Madame Bovary
https://www.madamebovary.org

Il Fu Mattia Pascal
https://www.mattiapascal.it

The Voice in the Desert
https://www.thevoiceinthedesert.org

Confessione d'un amore fascista
https://www.amorefascista.it

Malinverno
https://www.malinverno.org

Debito formativo
https://www.debitoformativo.it

Adina Spire
https://www.adinaspire.com