Sondel
Ut Wikipedy
|
Sondel is in doarp yn de gemeente Gaasterlân-Sleat, east fan de bosken. It doarp hat likernôch 390 ynwenners (2004).
Oan de súdkant fan Sondel lizze de grutte landerijen dy't wer grinzje oan de hege seedyk wêrefter de Iselmar leit. Ten westen fan Sondel lizze de prachtige grutte Gaasterlânske bosken. Besuden leit ek it natoergebiet "de Leien".
It doarp Sondel is omstreeks 1200 - 1300 ûntstien en ûntlient syn namme oan in sânich plak by in boskje. Yn de earste geskriften wurdt it ek Sendel, Senderaland, Sindel, Syndel(l), Sonderaland, Sundel en Sûndel neamd
Yn Sondel stie ek it ferneamde slot Beuckenswyk. Hjoed de dei is dit in pleats mei twa grutte wapenstiennen út de foarrige ieuwen. De Sondeler Bil is in middenstânsbeurs foar de Súdwesthoeke dy't om de twa jier yn Sondel holden wurdt.
Yn de Twadde Wrâldoarloch wie hjir in Dútsk barakkekamp mei ôflúster- en radarapparatuer en twa militêre stellingen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Mienskip
It doarp hat in feriening foar Doarpsbelang dy't har gearkomsten hat yn it doarpshûs. Sûnt 2004 is der in Feestkommisje. Fjouwer kear yn't jier ferskynt it boekje Praat. De basisskoalle hjit Op'e Terp, Hummelterp is it pjutteboartersplak.
[bewurkje seksje] Ferienings
- Bilsjongers - koar
- De Tsjasker - toulûken
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Iepenbier ferfier
- Busline 44 (Connexxion): Boalsert - Tsjerkwert - Parregea - Warkum - Hylpen - Bakhuzen - Murns - Riis - Aldemardum - Nijemardum - Sondel - Wikel - Sleat - Tsjerkgaast - Spannenburch vv.
- Busline 47: Snits - Jutryp - De Hommerts - Wâldsein - Ypekolsgea - Harich - Balk - Sondel - De Lemmer.
[bewurkje seksje] Strjitten
Beamkamp, Beuckenswykstrjitte, Delbuursterwei, It Gaastdyk, J Boomsmastrjitte, Krúspaad, Noarderreed, Sondelerdyk, Sondelerleane, Swaaigat.