See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Balk - Wikipedy

Balk

Ut Wikipedy

Balk
Himrik fan  Balk
Gemeente Gaasterlân-Sleat
Gritenij Gaasterlân
Stimmen {{{stimmen}}}
Ynwenners (2004) 3.560
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 53' NB, 5° 34' EL
Netnûmer 0514
Postkoade 8561
Webstee www.balkvooruit.nl

Balk is it haadplak fan de gemeente Gaasterlân-Sleat. It doarp leit oan de súdwestkant fan de Sleattemer Mar. Balk is it grutste doarp fan de gemeente mei likernôch 3.560 ynwenners (2004).

Ynhâld

[bewurkje seksje] Befolking:

Balk leit tusken Harich en Wikel. Troch it doarp streamt it rivierke De Luts. Balk soe ûntstien wêze by in balke oer it rivierke; fandêr de namme. Letter waard hjir in brêge boud. Yn it earstoan hearde Balk by Harich. Yn 1585 waard it troch Spaanske soldaten út Grins plundere. Balk waard yn de 18e ieu welvarend troch de bûterhandel, en yn de 19e ieu is it in selsstannich doarp wurden.

Balk hie fanâlds ferskeidene leauwensmienskippen. Ien dêrfan wie de gemeente fan Mennisten yn Balk dy't tige strang yn'e lear wie. Yn it midden fan de 19e ieu is in grutte groep nei Amearika útwykt om har dêr yn de omkriten fan Goshen yn de steat Indiana te festigjen. In gevelstien yn Balk werinnert noch oan dizze âlde leauwensmienskip.

It doarp en it rivierke soenen de dichter Herman Gorter, dy syn pake yn de 19e ieu doopsgesind predikant wie yn Balk, ta syn beroemde gedicht "Maaie" ynspirearre hawwe. Dêryn sprekt er net fan in doarp, mar fan stedsje; en net fan in rivierke, mar fan in wettergrêft:

Een nieuwe lente en een nieuw geluid
Ik wil dat dit lied klinkt als het gefluit
Dat ik vaak hoorde voor een zomernacht
In een oud stadje, langs de watergracht.
Balk út de loft wei
Balk út de loft wei

As oantinken stiet oan De Luts in stânbyld fan de dichter. Balk hat fierders in beskerme histoaryske kearn, mei in riedhûs út 1615. Oan De Luts stean in soad monumintale hals- en trepgevels mei bysûndere gevelstiennen, sierankers, ingelekopjes en sniene boppeljochten.

Yn Balk en omkriten ferskynt in krante; de Balkster Courant.

[bewurkje seksje] Ferienings

  • VV Balk - fuotbal
  • De Bears - fiskjen
  • Fûgelwacht

[bewurkje seksje] Wettersport

Hjoed-de-dei is Balk in sintrum foar de wettersport. Oan De Luts is sylskoalle de Ulepanne, mearfâldich winner fan de Nederlânske Sylskoalle Kampioenskippen. In grutte jachthaven leit oan de râne fan de Sleattemer Mar. Foar fytsers en silers fart der in tradysjoneel skûtsje as silend beurtfear tusken Heech en Balk. Yn de wintermoannen wurdt út Balk wei op de Sleattemer Mar om de Bearenburchcup syld.

[bewurkje seksje] Gebouwen

  • It eardere feefoerfabryk De Volharding sil wierskynlik sloopt en opnij opboud wurde.
  • Sint Ludgerustsjerke - roomske tsjerke út 1883

[bewurkje seksje] Strjitten

Alle strjitten yn Balk.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

52° 54' NB, 5° 35' EL


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -