1585
Ut Wikipedy
Ieuwen: 11e 12e 13e 14e 15e - 16e ieu - 17e 18e 19e 20e 21e
Jierren: 1580 1581 1582 1583 1584 - 1585 - 1586 1587 1588 1589 1590
[bewurkje seksje] Foarfallen
- febrewaris - De belegerjende troepen foar Antwerpen slute mei tsientallen skippen de Skelde ôf, wêrtroch befoarrieding fan de stêd ûnmooglik wurdt.
- 29 july - De Fryske steedhâlder Willem Loadewyk stiftet yn Frjentsjer in universiteit, dy't feitlik in teologyske hegeskoalle is.
- 27 augustus - De Fal fan Antwerpen: Alexander Farnese, de Spaanske Hartoch fan Parma, ferovert it lêste súdlike bolwurk Antwerpen. Hy forsearret hjirmei in definitive skieding fan de noardlike en súdlike Nederlannen. Nei de fal ferlitte 60.000 fan de 100.000 ynwenners de stêd.
- Nimwegen falt yn Spaanske hannen.
- 1 novimber - Maurits wurdt steedhâlder fan Hollân en Seelân.
- Foar it earst wurdt op kommersjele basis sûkelarje nei Jeropa ferfierd, mei in skip fan Vera Cruz nei Sevilla.
- De Ingelsken fêstigje in koloanje op it eilân Roanoke (North Carolina).
- Plantijn ferlit Leien en fêsticht him fannijs yn Antwerpen
[bewurkje seksje] Berne
- 16 maart - Gerbrand Adriaensz. Bredero, Nederlânsk skriuwer († 1618)
- 5 septimber - Kardinaal Richelieu, Frânsk steatsman († 1642)
- 4 oktober - Anna, keizerinne fan it Hillige Roomske Ryk († 1618)
- 9 oktober - Heinrich Schütz, komponist († 1672)
- Hamnet en Judith Shakespeare, soan en dochter (twilling) fan William Shakespeare.
[bewurkje seksje] Ferstoarn
- 4 april - Caspar de Robles, Spaansk steedhâlder fan Fryslân en Grinslân.
- 10 - Paus Gregorius XIII, paus fan 1572 oant 1585
Jierren: 1580 1581 1582 1583 1584 - 1585 - 1586 1587 1588 1589 1590
Ieuwen: 11e 12e 13e 14e 15e - 16e ieu - 17e 18e 19e 20e 21e