Parregea
Ut Wikipedy
Parregea is in terpdoarp yn de gemeente Wûnseradiel, oan de Warkumer Trekfeart. It doarp hat likernôch 360 ynwenners (2004). Midden troch Parregea rint de Parregeaster Trekfeart, dy't groeven is yn 1609. De brêge oer de feart is it middelpunt fan it doarp. Oan de westkant fan it doarp leit no de N359. Mar oant 1879 lei nei it westen de Parregeaster Mar. Parregea wie dêrmei in fiskersdoarp.
Utbuorrentsjes ûnder Parregea binne Aambuorren, Angterp, Yndyk, Monebuorren en Suderein.
Aambuorren soe in oantinken wêze oan it Aamegaslot, Suderein is in rige huzen by de trekfeart lâns.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Mienskip
Parregea hat noch in eigen doarpsskoalle, De Paadwizer. Hast alle bern út Parregea, Hieslum en Dedzjum geane hjir nei skoalle.
Parregea hat mei Hieslum ien feriening foar Doarpsbelang. It doarpshûs hjit De Gearhing dy't ek troch skoallen en ferienings brûkt wurdt. By de iisbaan stiet jeugdhonk Us Jister. Alle jierren is der in feest: Parpop.
[bewurkje seksje] Ferienings
- Oranjeferiening
- Folleybalferiening
- badmintonferiening
- gymnastykferiening
- Excelsior - harmony-orkest
- Tennisferiening
- 't Bruine Café - biljerten
[bewurkje seksje] Befolking
- 1611? - 168
- 1811? - 168
- 1849 - 331
- 1890 - 519
- 1950 - 670
- 1954 - 689
- 1959 - 625
- 1964 - 582
- 1969 - 542
- 1974 - 482
- 1989 - 475
- 2004 - 360
[bewurkje seksje] Strjitten
Aaltsjemarwei, Angterperleane, Ferwâlderpaad, Freark Faberwei, Horstwei, Tsjerkebuert, Trekwei, Tynjestrjitte, Waubertstrjitte.