Murns
Ut Wikipedy
|
Murns is in doarp yn de gemeente Gaasterlân-Sleat. Murns leit súd fan Bakhuzen oan de Iselmar. Oant 1955 foarme Murns mei Bakhuzen ien doarp. It doarp hat likernôch 120 ynwenners (2004).
It Murnser Klif jout in moai útsjoch oer de eardere Sudersee. By moai waar kin men Inkhuzen lizzen sjen. De earste kilometer foar de kust bestiet út helder ûndjip wetter. Tusken Murns en riis leit de Rysterbosk.
Op it begraafplak stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân. Oant midden 18e ieu stie hjir in tsjerke. Yn de Twadde Wrâldkriich is de eardere klokkestoel fernield troch in delstoartend fleantúch. By de Iselmar stiet in wynmotor.
[bewurkje seksje] Iepenbier ferfier
- Busline 44: Boalsert - Tsjerkwert - Parregea - Warkum - Hylpen - Bakhuzen - Murns - Riis - Aldemardum - Nijemardum - Sondel - Wikel - Sleat - Tsjerkgaast - Spannenburch vv.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
[bewurkje seksje] Strjitten
Breelenswei, Murnserdyk, Wieldyk.