Tsjerkwert
Ut Wikipedy
Tsjerkwert (Offisjeel: Tjerkwerd) is in terpdoarp yn de gemeente Wûnseradiel, súdwest fan Boalsert, mei 457 ynwenners (1 jannewaris 2004).
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Topografy
It gebiet fan Tsjerkwert grinzet yn it noarden oan Boalsert, yn it easten oan Wymbritseradiel, yn it suden oan Dedzjum, yn it súdwesten oan Parregea en yn it noardwesten oan Eksmorra.
It doarp leit oan de eastkant fan de Warkumer Trekfeart, tusken Boalsert en Parregea. Oan de súdkant fan it doarp giet fan de trekfeart it Van Panhuyskanaal nei it westen nei Makkum. Oan de westkant fan de trekfeart leit ek de N359, dêr't it doarp oer in brêge mei ferbûn is. Nei it súdeasten rint de Himdyk nei Blauhús.
Ta de himrik fan Tsjerkwert hearre ek de buorskippen Aaksens, Arkum, Beabuorren, Ymswâlde, Jonkershuzen en Jousterp.
[bewurkje seksje] Untwikkeling ynwennertal
- 1954 - 560
- 1959 - 524
- 1964 - 504
- 1969 - 473
- 1974 - 438
- 2000 - 463
- 2001 - 478
- 2002 - 478
- 2003 - 460
- 2004 - 457
[bewurkje seksje] Strjitten
Arkum, Beabuorren, Boalserterwei, Iemswâlderleane, Himdyk, Jousterperwei, Kade, Tsjerkestrjitte, Rytseterp, Singel, Sylroede, Van Panhuijswei, Waltawei.
[bewurkje seksje] Iepenbier ferfier
- Busline 44: Boalsert - Tsjerkwert - Parregea - Warkum - Hylpen - Bakhuzen - Murns - Aldemardum - Nijemardum - Sondel - Wikel - Sleat - Tsjerkgaast - Spannenburch vv.