Van Panhuyskanaal
Ut Wikipedy
It Van Panhuyskanaal is in kanaal yn de gemeente Wûnseradiel. It rint fan de Warkumer Feart besuden Tsjerkwert nei it noardwestlik lizzende Makkum. Earst benoarden Rytseterp en Fjouwerhuzen lâns de Polder Ritsebuorren en noard fan Allingawier. Yn de wei tusken Allingawier en Eksmoarre leit in brêge. Op it kanaal komme de Makkumer Feart (by Kakeshoek) en de Lytse Sylroede út. It kanaal rint dan troch Makkum en komt út yn de Iselmar.
It kanaal is neamd nei Johan Æmilius Abraham van Panhuys. It leit ek yn de polder Makkumermar. De namme Van Panhuyskanaal jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme.