Nijefurd
Ut Wikipedy
Gemeente Nijefurd
|
|||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
Provinsje | Fryslân | ||||||
Boargemaster | J.W. Boekhoven | ||||||
Haadplak | Warkum | ||||||
Gebiet - wetter |
289,17 km² - 192,68 km² |
||||||
Ynwenners | 10.911 | ||||||
Ferkearsieren | N359 | ||||||
Netnûmer | 0514, 0515 | ||||||
Postkoades | 8584, 8711 - 8779 | ||||||
Offisjele webstee | www.nijefurd.nl |
Nijefurd is in gemeente yn it súdwesten fan Fryslân, mei 10.913 ynwenners (1 jannewaris 2003), en in gebiet fan 289,17 km2, wêrfan 192,11 km2 wetter.
De gemeente Nijefurd is yn de gemeentlike weryndieling fan 1984 foarme út in grut part fan de eardere gemeente Himmelumer Aldefurd, en de stêden Warkum, Hylpen en Starum. Om't "Aldefurd" safolle sizze wol as "ald rjochtsgebiet", is doe de nije gemeente "Nijefurd" neamd.
De haadstêd fan de gemeente is Warkum, en de oare plakken yn de gemeente binne: Himmelum, Hylpen, Koudum, Molkwar, Nijhuzum, Starum en Warns.
Oft It Heidenskip, en oft Laaksum, in doarp is of in buorskip, is net eltsenien it oer iens.