It Heidenskip
Ut Wikipedy
It Heidenskip (offisjeel Frysk) is in doarp yn Nijefurd, súdeast fan Warkum, mei 375 ynwenners (1 jannewaris 2004).
It Heidenskip wurdt foarme troch it gebiet tusken de Fluezen, it Fliet, en de Alde Dyk (in âlde slieperdyk). De wenkearn leit wat nei de eastkant, net fier fan de Grutte Gaastmar. Bûten de kearn lizze ferspraat yn de streek boerepleatsen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Fan oarsprong hjitte dy wenkearn de Brânbuorren, wylst "It Heidenskip" de namme fan de streek wie. Op 18 augustus 1979 waard it Warkumer part fan it Heidenskip in nij doarp. Yn dy tiid, en oant de gemeentlike weryndieling fan 1984, lei de wenkearn krekt noch yn gemeente Warkum, mar fan dêr nei de kant fan de Fluezen wie it Heidenskip part fan Himmelumer Aldefurd. Fanâlds is It Heidenskip tin bewenne. It wie in sompich gebiet mei in soad puollen en plassen. Troch de ieuwen hinne ûntstie in feanlaach, wêrtroch't der hieltyd mear "lân" kaam. De begroeiing waard in fochtige heide-eftige fegetaasje. Wierskynlik is de namme It Heidenskip dêr oan te danken.
Oer de skiednis fan Berjocht:It Heidenskip hat Hylke Speerstra, âld-haadredakteur fan de Ljouwerter Krante in boek skreaun ûnder de titel De Oerpolder: It boerelibben efter de diken. Dit boek ferskynde yn 2006 en in jier letter yn it Nederlânsk (Utjouwerij Contact ISBN 978 90 254 2769 6).
[bewurkje seksje] Sport
It Heidenskip hat in ryk ferieningslibben. It doarp hat ûnder oaren in eigen fierljepskâns. En de Heidenskipster toulûkers hawwe al ferskate Nederlânske kampioenskippen helle.
[bewurkje seksje] Untjouwing ynwennertal
[bewurkje seksje] Boeken oer It Heidenskip
- G. Koopmans - It Heidenskip, Fan Galama oant gemeente Himmelumer Aldeferd, útjefte Feriening fan Koudumers om utens, 1984.
- Dieuwke Jorritsma-Kuipers - It Heidenskip, streek fan lân, wyn en wetter, foto's Botte Ouderkerken, útjefte Reunykommisje, 1987.
- G. Bakker - De Stêd Warkum, útjouwerij A.J. Osinga n.v. Boalsert, 1967
- Hylke Speerstra - De Oerpolder, (2006)