Ljouwerter Krante
Ut Wikipedy
De Ljouwerter Krante (Leeuwarder Courant) waard oprjochte yn 1752 en is hjirmei de âldste ûnder deselde namme ferskinende krante fan Nederlân. It is no noch altyd de grutste krante fan Fryslân.
Yn it begjin stie der allinnich mar bûtenlânsk nijs yn, want dit wie wat de lêzers, keaplju oanspruts. Letter kaam der ek nasjonaal nijs yn de krante en pas nei 1850 ek provinsjaal nijs. De krante woe in beskaafde krante wêze, dus pleatste se allinnich mar "serieus" nijs en wie ek prinsipjeel tsjin ynterviews. Yn 1893 kaam der in nijwe haadredakteur dy't ek soarge foar oare sjenres yn de krante, mar ynterviews kamen der net. Earst yn 1930 kamen dy ek yn 'e krante. Ek kamen der stadichoan tekenteltsjes, reportaazjes en ferhalen oer it libben fan minsken yn. Yn de Twadde Wrâldoarloch waard troch de Dútsers in NSB-haadredakteur oansteld. Nei dizze oarloch groeide de krante út ta in provinsjale kwaliteitskrante.
Ein 1969 fusearre de Fryske Koerier mei de Ljouwerter Krante.
De krant is yn haadsaak Nederlânsktalich, mar der steane ek Fryske artikels yn. Boppedat wurde Fryske sitaten yn it Frysk opskreaun.
De Friezen binne yn de posysje dat lêzers kieze kinne út twa regionale deiblêden, oars as yn de measte oare provinsjes. It oare regionale deiblêd yn Fryslân is it Frysk Deiblêd.
De Stifting Digitaal Argyf Ljouwerter Krante, in gearwurking tusken Tresoar en Ljouwerter Krante, is yn 2006 dwaande alle kranten dy't yn 250 jier tiid ferskynd binne te digitalisearjen om se op ynternet te setten. Hjirtroch komme mear as 8 miljoen artikels beskikber, dy't allegear trochsykber wêze sille. It projekt soe 1 maaie 2007 ree wêze moatte.