De Fluezen
Ut Wikipedy
52° 56' NB, 5° 32' EL De Fluezen is in mar yn de gemeente Wymbritseradiel. It leit ten noardeasten fan De Holken en it giet yn it noardeasten oer yn de Hegemer Mar. De namme hat te krijen mei flues , driuwende seadden. Der is in sydgeul nei Wâldsein, Koudum en De Gaastmar leit oan in ynham (It Piel).
- grutte: 2030 ha.
- lingte: 12 km. fan Heech oant Galamadammen.
- breedte: 1,5-2 km, yn de 'hals' 1 km.
- djipte: 1,5 m bûten de fargeul, yn de fargeul 2 m.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
De Hegemer Mar, de Fluezen en de De Moarre binne yn de Riss-iistiid troch in gletsjer yn de ûndergrûn útsliten; se foarmje feitlik ien langhalich gletsjerdal.
[bewurkje seksje] Fargeul
Midden troch de mar rint in betûne skipfeartrûte 't ûnderdiel is fan it Johan Frisokanaal. By It Sân, in ûndjipte yn it suden rint de fargeul troch in kanaal, de Nije Feart.
[bewurkje seksje] Eilantsjes
Midden yn de Fluezen lizze de trije Krúspôlen: De Langehoekspôle (grutste) de Rakkenpôle en de Leiepôle. De Leiepôle is de lytste en leit yn de 'hals' fan de Fluezen Yn de Hegemer Mar leit it opspuite eilantsje de Rakkenpôle. Der sitte in soad kninen op dit eilantsje.
[bewurkje seksje] Natuergebiet
It natuergebiet de Fluezen, by Koudum, is yn behear by It Fryske Gea. It is goed te sjen fan it wetter ôf mar oer it fytspaad fan Himmelum nei Galamadammen binne de gebieten Fûgelhoeke en natuergebiet de Moarre. It Koudumerboskje, bylâns it Johan Frisokanaal, is bûten it briedseizoen frij tagonklik.