See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Friezen - Wikipedy

Friezen

Ut Wikipedy

Friezen
Flagge fan Friezen
Regio dêr't de Friezen libje
Regio dêr't de Friezen libje
Talen Frysk, Sealterfrysk, Noardfrysk, Nedersaksysk, Nederlânsk, Dútsk
Tal minsken likernôch 1,500,000
Religy Kristendom
Besibbe etnyske groepen Britten, Denen, Dútsers, Nederlanners

De Friezen binne in etnyske groep yn Denemark, Dútslân en Nederlân, troch Tasitus rekkene ta de Ingvaeones, de Germaanske folken oan de Noardseekust. Harren taal is besibbe mei it Ingelsk en it Skotsk; meiïnoar foarmje dizze talen de Noardwestgermaanske taalgroep.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Fryslân.

De âldste spoaren fan bewenning yn Fryslân datearje út de tiid tusken de lêste beide iistiden. Sa binne der fynsten fan ark dy't likernôch 100.000 jier âld wêze soe. Ornaris wurdt sein dat de Fryske kultuer om 400 f. Kr. hinne begjint. It is net mei al te folle wissichheid te sizzen oft dit deselde Friezen binne as dy't nei it Grutte Folkeferfarren yn it Fryske keninkryk wenjen (likernôch om it jier 600 hinne). It tiidrek fan it Fryske keninkryk duorret oant en mei 734. De Fryske lannen eastlik fan Westlauwersk Fryslân bliuwe oant 772 ûnôfhinklik. Nei in rite fan frjemde hearskappijen sette de frije Friezen om 1100 hinne út ein mei it Opstalbeam ferbân. De perioade bekend as Fryske frijheid duorret oant om it jier 1500 hinne.

[bewurkje seksje] Identiteit

Sûnt likernôch 1500 hearre de Friezen ta ferskate lannen, en fertoane harren taal en kultuer hieltiid mear ûnderlinge ferskillen, en mear oerienkomsten mei dy fan dy lannen. Yn de Nederlânske provinsje Fryslân wurdt noch Westerlauwersk Frysk praat, en bestiet noch in Fryske identiteit. Yn East-Fryslân is in histoaryske bân mei de Fryske kultuer werom te finen; yn it Sealterlân wurdt noch in Eastfrysk dialekt praat. Yn Noard-Fryslân en op Helgolân binne noch Fryske dialekten en in Fryske identiteit. Yn oare gebieten, lykas West-Fryslân yn Noard-Hollân en Grinslân binne allinnich mar Fryske skiednis en wat kultuerspoaren mear. Út ûndersyk docht lykwols wol bliken dat it Eastfrysk platt en it Grinslanner dialekt noch grammatikale oerienkomsten hat mei it hjoeddeistige Frysk.

[bewurkje seksje] Erkenning

De Friezen út Westlauwersk- en Noard-Fryslân binne troch de Jeropeeske Uny en harren nasjonale steat erkend as nasjonale minderheid. De trije Fryske talen binne erkend ûnder Diel I, II en III fan it Jeropeeske Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden.

[bewurkje seksje] Polityk

Der binne yn Westlauwersk Fryslân twa politike partijen, deFriezen en de FNP. Yn Noard-Fryslân fertsjinwurdiget it Südschleswigsche Wählerverband (SSW) de Noard-Fryske minderheid. East-Fryslân hat Die Friesen as politike partij. De FNP en it Südschleswigsche Wählerverband binne beide oansletten by de Jeropeeske Frije Alliânsje dy't ûnder oare de Noard en West-Friezen fertsjinwurdigen yn it Jeropeesk Parlemint.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

Portaal:de Fryslannen – Oersjoch fan Wikipedy siden oer de Fryslannen

[bewurkje seksje] Keppeling om utens


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -