Skotsk
Ut Wikipedy
Skotsk is de taal foarme troch de Germaanske dialekten, sa't dy praat wurde yn Skotlân, en by útwreiding ek yn Ulster. Yn it Skotsk hjit de eigen taal Scots, troch taalkundigen wurdt dy oantsjut as Skotsk-Germaansk en de taal wurdt ek wol oantsjut as Leechlân-Skotsk as Lallans ta ûnderskie mei it Gaelysk.
Yn Skotlân wenje likernôch 1,5 miljoen minsken dy't Skotsk prate. Yn Noard-Ierlân leit dit oantal op 30.000.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Taalstatus
De taal wurdt sjoen as nau besibbe oan it Ingelsk, mar te ûnderskieden fanwege nochal wat ferskillen yn wurdskat en útspraak. It Skotsk is tichter by de Angelsaksyske oarsprong bleaun as it Ingelsk. De steatus fan selsstannige taal wurdt net troch alle taalkundigen akseptearre; guon bestriide dy fûl om't hja it Skotsk sjogge as in dialektgroep fan it Ingelsk. Arguminten dêrfoar binne it ûntbrekken fan in Skotske standerttaal en it bestean fan in dialektkontinuüm mei de dialekten yn Ingelân.
It Skotsk wurdt offisjeel erkend as in in ûnôfhinklike taal troch de Jeropeeske Uny en wurdt no ek beskerme troch dizze organisaasje. It Skotsk wurdt sprutsen troch ûngefear in miljoen minsken yn Súd- en Noardeast-Skotlân.
[bewurkje seksje] Dialekten
Yn grutte linen hat it Skotsk fiif dialekten:
- Noard-Skotsk, sprutsen ten noarden fan Dundee (faak Doric neamd) — en Súdlik Noard-Skotsk.
- Midden-Leechlân, sprutsen fan Fife en Perthshire oant Lothian en Wigtownshire.
- Súdlik Leechlân, sprutsen yn de Borders.
- Eilân-Skotsk, sprutsen yn Orkney en op de Sjetlân-eilannen.
- Ulster-Skotsk, sprutsen yn Noard-Ierlân. Dit dialekt wurdt ek wol Ullans neamd (in gearlûking fan Ulster en Lallans).
[bewurkje seksje] Skriuwtaal
Undanks it grutte oantal sprekkers fan de taal is it Skotsk foaral in sprektaal, sûnder in unifoarme ortografy. Dit komt mei troch de lange oerhearsking fan de Ingelsken yn Skotlân.
Der binne Skotten dy't it Skotsk nij besteansrjocht jaan wolle en de skriuwtaal ûntwikkelje wolle. It Skotsk hat wol in pear skreaune boarnen, mar dy binne hiel âld en der binne net folle fan. Se binne benammen neilitten troch de bekende Skotske dichter Robert Burns (1759 - 1796).
[bewurkje seksje] Eksterne keppelings
- Ethnologue.com: Scots Ingelsk