Jeropeeske Uny
Ut Wikipedy
De Jeropeeske Uny of JU, ynternasjonaal meast EU, is in ynternasjonale organisaasje dy't bestiet út Jeropeeske steaten. De oarspronklike uny is yn 1992 oprjochte neffens it Ferdrach fan Maastricht. De uny sa't dy no is, is basearre op it Ferdrach fan Nice, dat op 1 febrewaris 2003 fan krêft wurden is. De Jeropeeske Uny hat 453,3 miljoen ynwenners (maaie 2004), en in gebiet fan 3.892.685 km2.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Status
De lidsteaten fan de Jeropeeske Uny hawwe yn de rin fan 'e tiid in stik fan harren soevereiniteit ôfdroegen oan de Jeropeeske Uny. De JU hat sadwaande ek mear foech as oare net-soevereine regionale organisaasjes. It foech op ferskate mêden liket de JU hieltyd mear op in federaasje as konfederaasje. De Uny bliuwt lykwols basearre op ferdragen tusken lidsteaten (ek de it útstel oangeande de Jeropeeske grûnwet wie yn rjochtstermen in ynternasjonaal ferdrach), werút bliken docht dat de Uny bestiet út winsken fan de lidsteaten - in lidsteat kin him yn prinsipe elts winslik moment weromlûke út de Uny en wizigings oan de ferdragen moatte troch alle lidsteaten yndividueel ratifisearre wurde.
Yn dit ramt liket de JU hieltyd mear in konfederaasje, dy't net lykas in federaasje soeverein is en besteansrjocht hat troch de graasje fan de lidsteaten. In konfederaasje yn de tradysjonele besjutting hat lykwols mear foech, fral op it mêd fan útlânske saken en definsje. De measte minsken klassifisearje de JU dêrom as in unike foarm fan gearwurking tusken lannen.
Op dit stuit besiket men de besteande ferdragen dy't de JU foarmen gear te foegjen yn in nij ferdrach, hokker ta doel hat ynstee fan besteande te fungearjen. De algemiene miening is no sa dat de besteande strukturen te kompleks en beheind binne trochdat de Uny yn de rin fan 'e tiid hieltyd mear taken krigen hat. Dêrnjonken is neffens in protte minsken net gaadlik foar útwreiding fan de Uny lykas dy sûnt 2004 bestiet en al hielendal net tsjin fierdere útwreiding yn 2007 of letter. It ferdrach dat neffens de Jeropeeske lieders fan regearen dat fertúten dwaan soe, de Jeropeeske grûnwet krige yn in referindum fan 2005 net genôch stipe yn Nederlân en Frankryk. Nei in perioade fan ûnwissigens fuortendaliks nei it mislearjen fan it ferdrach is der no in algemiene konsensus dat der nije ûnnerhannelingen oer in ferdrach komme soene. De Dútske Bûnskansler Angela Merkel hat tasein it Dútske foarsitterskip fan de JU yn de earste helte fan 2007 út ein sette te wollen mei nije ûnnerhannelingen oer de ynhâld fan it ferdrach. De kommissaris foar kommunikaasje fan de Jeropeeske Kommisje (Margot Wallstrom) hat sein de besteande Jeropeeske Grûnwet as basis te nimmen foar de ûnderhandelingen. Algemien oannaam is dat de ûnderhannelingen fan'e grûn komme nei de presidintsferkiezingen yn Frankryk begjin 2007.
Op it stuit hat de Jeropeeske Mienskip op bases fan kêst 281 fan it Ferdrach fan Rome in ynternasjonaal rjochtspersoan, wat betsjut dat de Uny allinne as EM ynternasjonale ferdragen slute kin mei lannen of oare ynternasjonale rjochtspersoanen. De Jeropeeske Uny as oerkoepeljende organisaasje mei lannen of oare ynternasjonale rjochtspersoanen. De Jeropeeske Uny as oerkoepeljende organisaasje is lykas de twa oare pylders gjin rjochtspersoan. Der wurdt rekken hâlden mei de oankommende ferdrachswiziging foar de gânse Uny dy't dan de status fan rjochtspersoan krijt (dit wie foarsjoen yn de Jeropeeske Grûnwet).
[bewurkje seksje] Skiednis
It ûntstean fan de Jeropeeske Uny wie in gefolch fan de Twadde Wrâldkriich. It idee wie, troch mear yntegraasje yn Jeropa foar te kommen dat der ea wer oarloch komme soe. Ien fan de earsten dy't dit idee publyk makke, wie Robert Schuman yn in taspraak dy't er 9 maaie 1950 hold as minister fan Bûtenlânske saken fan Frankryk. Dêrom wurdt dy dei fierd as "jierdei" fan de Jeropeeske Uny.
Utgeande fan de gearwurking yn de Benelúks waard as earste gearwurking yn 1951 de Jeropeeske Mienskip foar Koal en Stiel stifte, tusken de lannen Belgje, Dútslân, Frankryk, Itaalje, Lúksemboarch en Nederlân. It súkses fan dizze organisaasje wie sa grut dat yn 1957 mei it Ferdrach fan Rome de Jeropeeske Mienskip foar Atoomenerzjy en de Jeropeeske Ekonomyske Mienskip tafoege waarden. Yn 1967 waarden dizze trije organisaasjes gearfoege ta de Jeropeeske Mienskip, en sûnt dy tiid is der ien Jeropeeske Kommisje en ien Jeropeesk Parlemint, dat doe al noch troch de parleminten fan de lidsteaten keazen waard.
In 1973 is de mienskip útwreide mei Denemark, Ierlân en Grut-Brittanje. Yn 1979 waard it parlemint foar de earste kear streekrjocht troch de befolking keazen, en sûnt dy tiid binne alle fiif jierren der streekrjochte ferkiezings.
Yn 1981 kaam Grikelân by de mienskip, en yn 1986 kamen Spanje en Portegal der by. Yn 1990 wie der formeel gjin útwreiding, mar ien fan de lidsteaten, Dútslân, waard útwreide troch de werferiening fan West-Dútslân en East-Dútslân, dat it gebiet fan de mienskip waard al grutter.
Yn 1 jannewaris 1993 waard it Ferdrach fan Maastricht fan krêft, dat de Jeropeeske Mienskip feroare de ta de Jeropeeske Uny. Yn 1995 waard de uny útwreide mei Eastenryk, Finlân en Sweden. En yn 2004 kaam de grutste útwreiding fan de uny ea, doe't Estlân, Hongarije, Letlân, Litouwen, Malta, Poalen, Syprus, Sloveenje, Slowakije en Tsjechje lid waarden fan de uny.
[bewurkje seksje] Demografy
De Jeropeeske Uny hat in protte ynwenners per fjouwerkante km, mar is in kultureel ferskillende uny mei 25 lidsteaten, hieltyd waaksend en ûntwikkeljend. Oer de kommende twa desennia sil it totaal oantal ynwenners groeie mei mear as 13 miljoen ynwenners, fan 456.8 miljoen op 1 jannewaris 2004 oant 470.1 miljoen yn 2025. Populaasje groei yn de JU25 oant 2025 komt foar it grutste part fan migraasje, it totaal oantal deaden fan de JU25 sil it oantal berne minsken oertreffe. It effekt fan migraasje sil nei 2025 it oantal berne minsken net oertreffe, mar sil gelyk bliuwe. De populaasje wurdt rûsd op in 449.8 miljoen yn 2050 - it oantal ynwenners wurdt 20 miljoen lytser. Oer de gânse oanbelangjende perioade wurdt de JU25 1.5% lytser, 0.4% foar de âlde lidsteaten en 11.7% foar de nije.
[bewurkje seksje] Lidsteaten
De 27 lidsteaten fan de Jeropeeske Uny ha meiinoar in oerflak fan 3,892,685 fjouwerkante kilometers en hat likernôch 460 miljoen ynwenners yn desimber 2004. Meiinoar fertsjinwurdiget de Jeropeeske Uny de grutste ekonomy fan de wrâld nei BYP, it sânde grutste territoarium yn de wrâld by gebiet en de tredde grutste wat tal ynwenners oanbelanget. De JU beskriuwt harsels as "in famylje fan demokratyske Jeropeeske lannen", hawar, it seit neat oer de definysje "Jeropa" mei har ynwenners. De Jeropeeske Uny grinzet oan 22 oare lannen.
De Jeropeeske Uny hat 27 lidsteaten:
- Belgje
- Bulgarije
- Denemark
- Dútslân
- Eastenryk
- Estlân
- Finlân
- Frankryk
- Grikelân
- Grut-Brittanje
- Hongarije
- Ierlân
- Itaalje
- Letlân
- Litouwen
- Lúksemboarch
- Malta
- Nederlân
- Poalen
- Portegal
- Syprus
- Roemeenje
- Sloveenje
- Slowakije
- Spanje
- Sweden
- Tsjechje
[bewurkje seksje] Ynstellingen
De wichtigste ynstellings yn de Jeropeeske Uny binne:
- It Jeropeesk Parlemint, keazen troch de befolking fan de lidsteaten.
- De Rie fan de Jeropeeske Uny, dêr't it regear fan alle lidsteaten yn fertsjintwurdige is.
- De Jeropeeske Kommisje, it útfierende orgaan.
- It Jeropeeske hôf fan Justysje, wat tafersjoch hâldt op it neilibjen fan de JU-wetjouwing.
- De Rekkenkeamer, dy't tafersjoch hâldt op de útjeften fan de JU.
- De Jeropeeske Sintrale Bank, dy't ferantwurdlik is foar de munt fan de JU, de Euro.
[bewurkje seksje] Lokaasje fan de Jeropeeske Uny ynstellingen
De Jeropeeske Uny hat gjin offisjele haadstêd. Har ynstellings binne ferdield tusken ferskate stêden:
- Brussel, Belgje - beskôge as Jeropeeske Uny haadstêd, dit is lykwols net sa
- Sit fan de Jeropeeske kommisje en de Ried fan de Jeropeeske Uny
- It Jeropeesk Parlemint hâldt dêr gearkomsten foar parlemintkommisjes en lytse-sesjes
- Lokaasje foar alle Jeropeeske Rieden sûnt 2004
- Straatsburch, Frankryk
- Sit fan it Jeropeesk Parlemint
- Ek de sit fan de twa wichtigste Jeropeeske organisaasjes, nammentlik de Ried fan Jeropa en it Jeropeesk hôf foar de rjochten fan de minsk, beide organisaasje dy't gjin diel binne fan de Jeropeeske Uny en in grutter tal lidsteaten hawwe.
- Lúksemboarch-stêd, Lúksemboarch
- Sit fan it Jeropeesk hôf fan Justysje en it Siktariaat fan it Jeropeesk Parlemint
- Sit fan de Jeropeeske ynfestearingsbank
- Frankfurt, Dútslân
- Sit fan de Jeropeeske Sintrale Bank
[bewurkje seksje] Ekonomy
Beskôgjet men de Jeropeeske Uny as ien ienheid, dan hat de JU de grutste ekonomy yn de wrâld, mei in BYP fan 12,427,413 miljoen USD yn 2005. Ferwachte is dat JU ekonomy noch in gruttere groei meimeitsje sil yn de kommende desennia as mear lannen by de Uny komme. It komt mei troch de nije JU steaten dy't in minne ekonomy ha, sadwaande kinne hja yn in rap tempo groeie. De Jeropeeske Rie hat op 17 Novimber in ferwachting publisearre mei in ekonoamyske groei fan 1.5% yn 2005 (1.3% yn de eurosône), en 2.3% yn 2006 (2.1% yn de eurosône) en oertreft dêrmei eardere estemaasjes. Yn 2006, sil de JU 3½ miljoen nije wurkplakken opsmite. De Jeropeeske Rie hoopjend dat de Uny fierder groeid yn de takomst; ekonomyske groei foar 2007 wurdt yn de JU op 2.7% skat, Dútslân, grutste ekonomy fan yn de Jeropeeske Uny sil likernôch 2.9% groeie yn 2006 en 2.9% yn 2007. Efter in ekstreem minne groei, de JU's groei wurdt nei skatting grutter yn de kommende jierren. JU lidsteaten hawwe in oerienkomst, yn in program mei de namme Lissabon Strategy dat ta doel hat "de JU de wrâld meast dynamyske en striidfeardige ekonomy" te meitsjen yn 2010
[bewurkje seksje] Offisjele talen
De offisjele talen fan de ynstituten fan de Jeropeeske Uny binne:
|
|
|
|
|
Alles wat besletten wurdt troch de ynstellings wurde oerset yn alle offisjele talen. Jeropeeske boargers hawwe dêrnjonken it rjocht harren memmetaal tsjinoer Jeropeeske ynstellings te brûken as dizze ek erkenning hat. Yn de Jeropeeske Ried en it Jeropeeske Parlemint mei yn alle offisjele talen sprutsen wurde. Dokuminten fan it Jeropeeske hôf fan Justysje wurde yn alle offisjele talen oerset. It Malteesk hat in spesjale posysje. Besluten wurde fan de Ried fan Ministers en it Jeropeesk Parlemint wurde al yn it Malteesk oerset, mar dy fan it Jeropeeske hôf fan Justysje net. Dit hat foar it grutste part te krijen mei tekoart oan Malteeske oersetters. De Ried fan Ministers komt ta besluten oangeande hokker taal in offisjele Jeropeeske taal wurdt, mei help fan in Jeropeeske oardering.
[bewurkje seksje] Oare talen yn de Jeropeeske Uny
It Spaanske regear sil meikoarten mei it útstel komme it Katalaansk as semy-offisjele taal te brûken foar de takomstige Jeropeeske grûnwet.
It Poalske parlemintslid Małgorzata Handzlik hat in lobby foar it ynfieren fan de ynternasjonale taal Esperanto as twadde taal yn Jeropa. Op 1 april 2004 waard hjiroer stimd. Fan de 626 leden wienen der 346 net oanwêzich, en fan de 280 oanwêzigen hat 43% foar stimd.
Oare talen dy't yn de Jeropeeske Uny sprutsen wurde, mar (noch) gjin offisjele erkenning krigen hawwe troch de Jeropeeske Uny binne:
|
|
|
|
|
|