See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Helgolân - Wikipedy

Helgolân

Ut Wikipedy

Helgolân (ek: Hilgelân, Noardfrysk: Lun, Dútsk: Helgoland, Ingelsk: Heligoland) is in Noardfrysk eilân yn de Noardsee. It leit sa'n 70 kilometer út de kust, folle fierder as de oare Fryske eilannen. Mei syn likernôch 60 meter hege reade rotsen is it ek folle heger as de oare Fryske eilannen. It eilân falt ûnder de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. Neist Helgolân leit it eilantsje Düne. Tegearre foarmje dizze eilannen de eilannengroep Helgolân.

steile rotswand fan Helgolân
steile rotswand fan Helgolân

[bewurkje seksje] Frysk

Op Helgolân wurdt it Halunders praat, in fariant fan it Frysk. Sûnt 2004 is it Halunder neist it Dútsk in offisjele bestjoerstaal wurden. Ienris yn de trije jier komme Friezen fanút Westerlauwersk Fryslân, Noardfryslân en Sealterlân op it eilân gear foar in frysk kulturiel festival dat inkele dagen duorret: It Friesen-Droapen.

Likernôch de helte fan de "Halunders" prate noch Frysk, fan de oare helte binne de measte Nedersaksysktalich. It Nedersaksysk is op Helgolân net erkind, mar hat in hiel Dútslân wol de status fan rykstaal.

[bewurkje seksje] Skiednis

Nei alle gedachten wiene it Eastfriezen dy't Helgolân foar de sande ieu kolonisearren. Yn 1714 wurdt it eilân ferôvere troch Denemarken. De Britten besette Helgolân yn 1807 en meitsje der ien fan harren koloanjes fan. Yn 1890 ruilje de Britten Helgolân yn tsjin it eilân Sansibar (no part fan Tansania), dat fan Dútslân wie. Nei de Twadde Wrâldkriich, wêryn de eilanners evakuearre wurde, besykje de Britten it eilân op te blazen. Dat slagget net en yn 1952 komme de ynwenners werom op it eilân.

[bewurkje seksje] Toerisme

Fan 1826 ôf komt it toerisme op gong, earst as 'Seebad'. De skjinne lucht en de rêst soargje foar hieltyd mear toeristen út benammen Dútslân, Denemarken en Grut-Brittanje. Helgolân falt bûten it Jeropeeske belestinggebiet, dêrtroch wurdt der in soad handel dien yn tabak, parfum en sterke drank.

 
Fryske eilannen

Westfryske eilannen:
Tessel - Flylân - Skylge - Amelân - Skiermûntseach - de Richel - it Gryn - Rottum (eilân)
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Nordeneach - Langerëach - Spikereach - Wangereach
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Pälweerm - Noardstrân - de Halligen - Oomram - Feer - Söl - Rømø - Mandø - Fanø


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -