Grutte Folkeferfarren
Ut Wikipedy
It Midsieuske Folkeferfarren is it binnenkringen fan ferskate net-Romeinske folken yn it it Romeinske Ryk, tusken de 4e en de 6e ieu.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Oanlieding
De Folkeferfarren begûnen al foar it tradysjonele begjin fan de Midsieuwen. De 'ynfallen' fan de 'barbaren' kamen der benammen troch de oplûkende Hunnen dy't de folken bûten de grinzen fan it Romeinske ryk opjoegen. Dizze ynfallen hienen ek net altyd in gewelddiedich karakter. Al yn de 3e ieu sleaten de Romeinen ferdragen mei de barbaren oan de oare kant fan de grins. Yn dy ferdragen waard bepaald dat de barbaren binnen it ryk wenje mochten, at se de Romeinske wetten respektearren. Se waarden brûkt as buffersône tsjin oare ynkringers. Sa kamen ûnder mear de Salyske Franken yn Taksandrje (de Kempen) it ryk binnen. Se soenen har útwreidzje oant Doornik. Al gau soenen dizze barbaren opklimme yn de maatskippij tanksij it Romeinske leger. Yn it earstoan waarden se yndield yn aparte helptroepen, de auxilia, mar letter ek by de reguliere troepen. Ein 4e ieu ferdigene Stilicho, soan fan de kening fan de Fandalen, as generaal it Ryk tsjin de binnenfallende Fisigoaten. By de fal fan it West-Romeinske ryk wie de befolking sa in gearsmelting fan folken dêr't de barbaren in grut diel fan útmakken.
[bewurkje seksje] Fisigoaten
De Fisigoaten foelen yn 376 de Balkan binnen en soenen harren fêstigje yn Traasje en Moesje (Servje). Yn 410 plonderen se Rome ûnder lieding fan Alarik. Yn 418 fêstigen se harren yn Akwitaanje en stiften dêr it Fisigoatyske keninkryk Toulouse dat op de ein fan de 5e ieu fan Cadiz oant Nantes rikte. Sy ferlearen yn 507 Akwuitaanje en holden allinnich Spanje oer. Doe't se yn 711 ferslein waarden by Jerez de la Frontera ferlearen se hast it gânse Ibearyske Skiereilân oan de Moaren, útsein in lyts keninkrykje yn Noard-Spanje.
[bewurkje seksje] Ostrogoaten
De Ostrogoaten fersloegen yn 488 Odoaker en bedarren om 490 hinne yn West-Jeropa. Yn 493 krongen se djipper troch yn Itaalje en bouden in hofhâlding út yn Ravenna. Se waarden yn 552 troch de Langobarden praktysk útroege.
[bewurkje seksje] Hunnen
De Hunnen wienen Aziatyske nomaden dy't berucht wienen om harren wreedheid. Yn 450 foelen se ûnder lieding fan Attila Galje binnen. Yn 451 waarden se ferslein op de Katalaunyske Fjlden tsjin in leger dat bestie út Germanen en Romeinen en dat oanfierd waard troch ien fan de lêste 'Romeinske' generaals fan betsjutting: Aetius.
[bewurkje seksje] Eastlike Germanen
De Eastlike Germanen (de Fandalen, Sueven en Allemannen) stutsen yn de nacht fan 31 desimber 406 de Ryn oer en rukten op nei it suden. De Fandalen lutsen plonderjend troch Galje en stutsen yn 409 de Pyreneeën oer. Ûnder de druk fan de Fisigoaten lutsen se hieltyd fierder nei it suden. Yn 429 stutsen se oer nei Marokko, úteinlik stiften se in keninkryk (it Fandaalske ryk) yn Noard-Afrika mei as sintrum Kartago. Hjir bouden se gau in fleat op en spesjalisearren harren yn piraterij. Hast in ieu lang wienen de Fandalen de skrik fan de Middellânske See. Yn 455 plonderen se sels Rome. Uteinlik yn 533 waarden se ferslein troch de East-Romeinske fjildhear Belisarius. De Sueven lutsen in stik mei de Fandalen op en fêstigen harren yn Noard-Spanje, wêr't se letter ferslein waarden troch de Fisigoaten.
[bewurkje seksje] Angelen, Saksen en Friezen
De Angelen, Saksen en Friezen stutsen fanút Fryslân, Jutlân en Denemarken oer nei Grut-Brittanje, ferdreaunen de oarspronklike Keltyske befolking nei de útoarden fan it eilân en stiften harren eigen keninkriken (sjoch ek: heptargy).
[bewurkje seksje] Franken
De Salyske Franken by einbeslút, kamen it Romeinske Ryk binnen yn Taksandrje yn 358. Yn 440 stiften se in keninkryk mei as sintrum Doornik. Se wreiden harren ryk hieltyd fierder út nei it suden, ûnder Gilderik oant de Somme, letter ûnder Klovis oan de Loire ta. By it ferstjerren fan Klovis yn 511 hienen se hast de hiele provinsje Galje ûnder kontrole dat tenei 'Frankryk' hjitte soe, it Ryk fan de Franken. Klovis hearde ta de earste dynasty fan dit Ryk fan de Franken: de Merovingyske dynasty.