Gilderik I
Ut Wikipedy
Gilderik I (likernôch 436 -481 of 482) wie in Frankyske hearsker. Hy folge syn heit Merovech op as kening of hartoch oer de Salyske Franken yn 'e omkriten fan Doornik. Gilderik tsjinne nei gedachten as generaal ûnder de Romeinske keizer Majorianus en letter ek ûnder de Gallo-Romeinske hearskers Aegidius en Paulus. Syn soan Klovis waard de earste kening oer alle Franken.