Klovis
Ut Wikipedy
Klovis of Klodovech I (465, Doarnik - 511, Parys) wie kening fan de Franken dy't alle fersprate Frankyske stammen tegearre brocht ûnder ien keningskip en it eardere Romeinske Galje yn syn macht krige. Hy wie de âldste soan fan Gilderik I, in stamhaad fan de Salyske Franken en nei alle gedachten in generaal ûnder de de West-Romeinske keizer Majorianus en de legeroanfierder Aegidius.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Oermastering fan Galje
[bewurkje seksje] Syagrius
As 16-jierrige 481 folge Klovis syn heit op as kening fan de Salyske Franken yn Doarnik. Yn it begjin wie syn machtsgebiet mar lyts. Hy waard bestriden troch oare, diels oan him besibbe hartoggen, haadlingen fan oanbuorjende Salyske stammen. Bekend binne Gararik en Ragnagar, dy't yn Kamerijk syn machtsbasis hie. Klovis slagge der yn de omringjende Saaljers oan him te binen en kearde him doe tsjin it Gallo-Romeinske ryk. Yn 486 en fersloech er Syagrius by Soissons. Hjirtroch wreide er syn machtsgebiet út oant de Loire.
[bewurkje seksje] De Alamannen
Oanmoedige troch syn súkses befocht hy syn bûnsmaten, de Allemannen. Yn alle ferovere gebieten liet er de hiele manlike line oan hearskers útroegje, om de ûnbetwiste hearskippij te krijen. Yn 496 bekearde er him ta it Kristendom. Nei alle gedachten wie dat út suver eigenbelang, om't de tjerke sa syn bretale opkommen gewurde litte soe. De Allemannen lûken dat jier fan harren thúsbasis Worms út nei de Ryn en bedrigen de kening fan Keulen, fan de Ripuaryske Franken. De Keulske kening Sigebert rôp de help yn fan de Salyske Franken en Klovis gong op paad mei in leger fan Doornik, oer de hearbaan Bavay - Tongeren - Keulen. Dêr't de hearbanen Bavay - Keulen en Straatsbuorch - Keulen by inoar kamen, kaam it tichtby Tolbiak, no Zülpich, ta in treffen. Neffens de oerlevering bidde Klovis ta de kristlike God fan syn frou Klotilde. De Franken wûnen de slach en fersloegen dêrmei de Allemannen foargoed.
[bewurkje seksje] De Fisigoaten
Yn 500 fersloech Klovis de Boergonden en yn 507 de Fisigoatyske kening Alarik II, yn de Slach fan Fouillé. Dêrmei kaam hiel Galje yn syn macht. Klovis kringe fierder troch oan Bordeaux oan ta. Hy berikke lykwols nea de Middellânske See; Septimaanje bleau yn Goatiske hannen. Syn status waard fierder fergrutte trochdât hy fan keizer Anastasius, dy´t Klovis as bûnsmaat oan harren bine woe yn de striid tsjin de Ostrogoaten, in diadeem en mantel krige, wat him yn de eagen fan syn Gallo-Romeinske ûnderdanen dochs wol wat legitimiteit joech.
[bewurkje seksje] Kening fan alle Franken
Nei syn oermastering fan it Gallo-Romeinske Ryk sette Klovis alle Salyske hearskers oan 'e kant, ek dy dy't him steund hienen tsjin Syagrius, ûnder oaren Gararik. Ek syn sibben Ragnagar, Rikgar en Rignomer skode er oan 'e kânt. Dêrnei luts er op tsjin de Ripuaryske Franken. Lang om let foel yn 510 ek it lêste ûnôfhinklike Ripuaryske foarstenhûs yn hannen, dat fan Keulen, neidat er troch yntriges in opstân ûntketene, wêryn't de âlde kening troch syn eigen soan fermoarde waard.
[bewurkje seksje] Neitiid
Nei syn dea waard it Frankyske Ryk ferdield, neffens Salysk rjocht, ûnder syn soannen Teuderik I (Reims), Gildebert I (Parys), Glodomer (Orléans) en Glotarius I (Soissons).