Angelen
Ut Wikipedy
De Angelen wienen in Germaansk folk út it noarden fan Jeropa. De kearn fan harren gebiet lei wierskynlik yn Sleeswyk. Yn de 5e ieu stutsen hja it Kanaal oer en foelen it tsjintwurdige Grut-Brittanje yn, tegearre mei de Saksen, Friezen en de Juten. Nei it skynt binne alle leden fan dizze stam yn de rin fan de 5de ieu oerstutsen, want nei dy tiid wurdt nearne op it fêstelân mear wat fermeld oer harren. Dit yn tsjinstelling ta de Saksen, Friezen en Juten waens niesieten tsjintwurdich noch yn grutte oantallen yn harren âlde stamlannen libje.
De namme Ingelân is nei dit folk ferneamd, lykas direkt of yndirekt wurden as Ingelsk, Angelsaksysk en anglofyl fan it wurd angelen ôflieden binne.