Sealterlân
Ut Wikipedy
Sealterlân is in gemeente yn de landkreis Kloppenboarch yn de dielsteat Nedersaksen mei likernôch 12.790 ynwenners (2003) en een oerflak fan 123,5 km². De gemeente is ûntstien yn 1974 doe't de fjouwer selsstandige gemeenten ta Sealterlân byinoar brocht binne.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Doarpen
Sealterlân hat fjouwer doarpen:
- Strukelje (Dútsk Strücklingen)
- Roomelse (Ramsloh)
- Schäddel (Scharrel)
- Sedelsbierich (Sedelsberg)
[bewurkje seksje] Geografy
It Sealterlân leit midden tusken de sompen. Oant fier yn de 19e ieu wie it gebiet bot isolearre. Troch dy isolearre lizzing hawwe de Sealters it Frysk hjir bewarje kind as it Sealterfrysk. Hjoed de dei binne de sompen ta feanpolders wurden.
[bewurkje seksje] Buorgemeenten
De buorgemeenten fan it Sealterlân binne:
- Samtgemeinde Jümme
- Barßel
- Friesoythe
- Samtgemeinde Nordhümmling
- Ostrhauderfehn
[bewurkje seksje] Skiednis
It Sealterlân wie foarhinne in eilân fan likernôch 15 by 4 km tusken de sompen, dêrtroch wie it gebiet oant de 19e ieu bot isolearre. Tusken 1100 en 1400 waard it eilân troch de Friezen út East-Fryslân bewenne. Troch dy isolearre lizzing hawwe de Sealters it Frysk as it Sealterfrysk ûntwikkelje kinnen.
De sompen wienen it grinspunt fan trije machtsgebieten, fan Kloppenboarch, Emden en Aldenboarch, dat hja foarmen in stikje nimmenslân tusken de machtigere buorlju. Yn de midsieuen hie it Sealterlân harren eigen rjocht. Karel de Grutte, dy't algemien rjocht foar de Friezen fêststeld hie, hat hjir mooglik ek in part yn spile. It Sealterân hie mear privileezjes krigen, en wie in gebiet mei grutte ûnôfhinkelikens.
Yn 1803 waard it gebiet troch it hertochdom Aldenboarch anneksearre. Yn 1934 waard de earste gemeente Sealterlân oprjochte. Njonken de doarpen Roomelse en Schäddel hat ek it doarp Nijschäddel by it Sealterlân heard. Hjoed de dei heard Nijschäddel by de gemeente Friesoythe. Op 1 maart 1974 waard de hjoeddeiske gemeente Sealterlân oprjochte.
[bewurkje seksje] Polityk
[bewurkje seksje] Gemeenterie
Yn'e gemeenterie fan it Sealterlân binne de folgjende polityke partijen fertsjinwurdige:
- CDU - 31 Sitten
- SPD - 5 Sittten
- himbelang - 2 Sitten
[bewurkje seksje] Boargemaster
- Boargemaster: Hubert Frye (CDU)
- earste loko-boargemaster: Marianne Fugel
- twadde loko-boargemaster: Wilhelm Tellmann
- foarsitter gemeenterie: Eberhard Lüpkes
[bewurkje seksje] Wapen
Op it wapen is Karel de Grutte te sjen. Oan him skriuwe de Friezen harren frijheidsprivileezjes ta.
[bewurkje seksje] Stêdpartnerskippen
De gemeente hat in partnerskip mei it plak Sroda Slaska yn Poalen.