See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Denemark - Wikipedy

Denemark

Ut Wikipedy

Kongeriget Danmark
Flagge fan Denemark Wapen fan Denemark
Motto: Guds hjælp, Folkets kærlighed, Danmarks styrke
Folksliet: - Kong Christian stod ved højen mast
- Der er et yndigt land
Lokaasje fan Denemark
Offisjele taal Deensk
Haadstêd Kopenhagen
Steatsfoarm Konstitúsjonele monargy
Gebiet
% wetter
43.094 km²
1,6­%
Ynwenners (2004) 5.397.640
Munt Krone (DKK)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 5 juny
Lânkoade DNK
Ynternet .dk
Tillefoan +45

Denemark is in Skandinavysk lân yn Noard-Jeropa. De haadstêd is Kopenhagen (København) en de keninginne fan de konstitúsjonele monargy is sûnt 1972 Margrete II.

Denemark wurdt begrinzgje troch:

Fierder hearre ek Grienlân en de Faeröer ta it Deenske keninkryk. Oant 1944 hearde ek Yslân by Denemark.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

De Denen teagen yn de 6e ieu út Skâne wei nei Jutlân en de westlike Eastsee-eilannen, dêr't hja oare Germaanske stammen út it stee krongen hawwe. Yn de 10e ieu ferienige Gorm de Alde († 950) in stikmannich lytse keninkrykjes ûnder syn bewâld. Syn soan Harald Blautosk naam om 960 hinne it Kristendom as leauwen oan. Doe't yn 1035 de Ingelske kening Knoet de Grutte stoar, koe de Deenske kening fierder mei it feroverjen fan parten fan de Britske eilannen, Noarwegen en Súd-Jutlân. Oant 1100 ta waarden de folken yn Denemark, Noarwegen en Sweden Wytsingen neamd. Nei in minne rite koe Waldemar I it lân fierder útwreidzje. Grutte parten fan de kustregio besuden de Eastsee waarden ferovere, yn 1219 oant Estlân oan ta. It besit fan dy gebieten hat lykwols net lang duorre; yn 1227 waarden de Denen yn de Slach by Bornhöved ferslein troch de Dútsers. Estlân waard yn 1346 oan de Dútske gebieten ferkocht en Denemark erkende yn 1370 de hearskippij fan de Hânze oer de Eastsee. De Deenske hearskers rjochten har doe mear op it noarden: yn 1397 waarden Denemark, Noarwegen, Yslân, Sweden en Finlân feriene yn 'e Kalmaruny, mei Denemark as oanfierder. Dat ferbûn hat oant 1523 bestien, doe't Sweden syn ûnôfhinklikens werom hawwe woe.

Oant de 17e ieu bleaunen de ferhâldings mei Sweden beskiedend, dêr't de beide keninkriken om de hearskippij oer Skandinaavje en it Baltyske gebiet striden. Skâne, Blekinge un Hallân wienen eigentlik de gebieten dêr't de Denen weikamen, mar dy gebieten waarden yn 1658 Sweedsk, en ek hjoed hearre dy gebieten by Sweden. It geastlike libben fan dy tiid wie beskaat troch de Reformaasje, dy't yn 1536 troch Christian III. ynfierd waard. De Reformminister Johann Hartwig Ernst von Bernstorff, Johann Friedrich Struensee en Andreas Peter von Bernstorff modernisearren it lân twiske 1751 en 1797 yn de sin fan de ferljochting, wêrby't de boerebefrijding fan 1788 tige wichtich wie. Yn 'e Napoleonistyske tiid besocht Denemark, yn in bûn mei de oare Eastseelannen, om in neutrale tredde macht te foarmjen. De Ingelske oanfal yn de Twadde Seeslach fan Kopenhagen twong it lân gear te wurkjen mei Frankryk, en it moast dêrom nei de delgong fan Frankryk al yn 1814 by Frede fan Kiel Hilgelân oan Grut-Brittanje jaan en Noarwegen oan Sweden. De Faeröer eilannen, Yslân, Grienlân en Deensk-Westynje (oant 1917) bleaunen by Denemark.

[bewurkje seksje] Geografy

Denemark út it hielal wei.
Denemark út it hielal wei.

Yn Jeropa wurdt it grutste part fan Denemark foarme troch in grut part fan it skiereilân Jutlân (Jylland). Eastlik dêrfan leit in grut tal eilannen. It grutste is Sjellân dêr't de haadstêd leit. Fierders lizze hjir de eilannen Fún, Lollân, Falster en Langelân, en tal fan lytsere eilannen. De grutte eilannen binne ferbûn troch brêgen, en Fún is mei twa brêgen ferbûn mei Jutlân. Tusken Sjellân en Sweden leit de Sont, in smelle seenaute mei dêroerhinne de Sontbrêge. Fierder nei it easten lizze yn de Eastsee noch in stikmannich Deenske eilannen, dêr't Bornholm it grutste fan is.

[bewurkje seksje] Grutste stêden yn Denemark

De haadstêd fan Denemark is Kopenhagen (Deensk: København).

Kopenhagen 502.204 ynwenners (1.086.762 stêdekloft)
Århus 228.547 ynwenners
Odense 186.595 ynwenners
Aalborg 160.000 ynwenners
Esbjerg 82.312 ynwenners
Randers 55.897 ynwenners
Kolding 54.526 ynwenners
Vejle 49.782 ynwenners
Horsens 49.457 ynwenners
Roskilde 43.753 ynwenners


[bewurkje seksje] Regio's

Sûnt 1 jannewaris 2007 is Denemark opdield yn 5 regio's.

Regio Haadsted Grutste stêd Ynwenners Gebiet km² Ynwennertichtens
(de km²)
Hovedstaden Hillerød Kopenhagen 1.636.749 2.561 639,1
Midtjylland Viborg Århus 1.227.428 13.142 93,4
Nordjylland Aalborg Aalborg 576.972 7.927 72,8
Sjælland Sorø Roskilde 816.118 7.273 112,2
Syddanmark Vejle Odense 1.189.817 12.191 97,6
Denemark Kopenhagen Kopenhagen 5.447.084 43.094 126,4

[bewurkje seksje] Demografy

Mei Grienlân en de Faeröer hat Denemark krekt mear as 5,5 miljoen minsken. Neist de Skandinavyske mearderheid yn Denemark, wenje der ek Grienlânske, Faeröerske en Dútske minderheden.

[bewurkje seksje] Taal

De taal yn Denemark is Deensk; de dialekten ferskille frijwat fan mekoar. Dútsk wurdt praat troch in minderheid yn Súdjutlân (Noard-Sleeswyk); Fêringsk wurdt praat op de Faeröer. De wichtichste ymmigrantetalen binne it Turksk, Oerdoe, Arabysk, Servokroatysk, Sweedsk en Noarsk.

[bewurkje seksje] Leauwen

83% fan de Denen heart by Folkekirken, in Evangelysk-Luterske tsjerke. Der binne in lyts tal protestanten en roomsk-Katoliken. 4% fan de Denen is Moslim.

[bewurkje seksje] Ferkear

De Grutte buitebrêge
De Grutte buitebrêge

De grutste eilannen en Jutlân binne meiïnoar ferbûn troch brêgen. De Sontbrêge oer de Sont nei Sweden, de Grutte Beltbrêge oer de Grutte Belt tusken Sjellân en Fún en de Lytse Beltbrêgen oer de Lytse Belt tusken Fún en Jutlân.

De treinorganisaasje yn Denemark is de Danske Statsbaner foar passazjiers en frachttreinen, mar likernôch in sechde fan it net wurdt riden troch oare maatskippijen. It spoar wurdt ûnderhâlden troch Banedanmark. Kopenhagen hat in lytse metro en de rest fan de stêdekloft is mei treinspoar ferbûn.

De nasjonale loftfeartmaatskippij, tegearre mei Noarwegen en Sweden, is it Scandinavian Airlines System (SAS). It fleanfjild fan Kopenhagen, Kastrup Lufthavn is it grutste fan hiel Skandinaavje.

De fearboat mei de Faeröer nimt Smyril Line foar har noed. Fierders hat DFDS ynternasjonale fearboattsjinsten nei Noarwegen en Grut-Brittanje en Scandlines nei Dútslân en Sweden.

[bewurkje seksje] Ekonomy

De frije merk-ekonomy fan Denemark is bot rjochte op lânbou, lytse yndustry, in hege libbensstanderd en in sterke wikselkoers, en is frijwat ôfhinklik fan hannel mei it bûtenlân. Denemark eksportearret iten en enerzjy. Denemark hat gjin skulden by oare lannen.

De muntsoarte fan Denemark is de Deenske kroan (Deensk: Danske krone), dy't keppele is oan de Euro troch it ERMII. De wikselkoers is lykwichtich oan de euro mei likernôch 7.45 kroanen foar ien euro.

Yn Denemark is de belesting foar produkten 25 % (ek foar boeken en iten). De belesting foar it salaris is op syn minst 39.6% foar folwoeksenen.

Grutte bedriuwen yn Denemark binne: A. P. Moller-Maersk Groep (Maersk - ynternasjonaal transport), Lego (boartersguod), Bang & Olufsen (hi-fi apparaten), Carlsberg (bier), Vestas (wynmûnen), en Lundbeck en Novo Nordisk (medisinen).

[bewurkje seksje] Ferneamde Denen

  • Hans Christian Andersen
  • Karen Blixen
  • Niels Bohr
  • Tycho Brahe
  • Frederik VII en Gravin Danner
  • Niels Gade
  • Arne Jacobsen
  • Mette Jacobsen
  • Søren Kierkegaard
  • Margaretha II
  • Carl Nielsen
  • Jacob A. Riis
  • Lars von Trier
  • Lars Ulrich
  • Bjarne Riis
  • Gerda Wegener
  • Michael Laudrup
  • Brian Laudrup
  • Peter Schmeichel
  • Michael Rasmussen
  • Louise Rasmussen
  • Kaj Munk

[bewurkje seksje] Gearwurking

Denemark is in stiftend lid fan de Feriene Naasjes (1945), de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (1949) en de Rie fan Jeropa (1949). Sûnt 1973 is it lân lid fan de Jeropeeske Uny mar it hat gjin diel oan de monetêre uny.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Oare talen


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -