Noard-Fryslân
Ut Wikipedy
Noard-Fryslân (Dútsk: Nordfriesland, Deensk: Nordfrisland) is in distrikt (Kreis) yn de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein.
It gebiet leit tsjin de Deenske grins oan. It oerflak beslacht 2.050 km². Der wennen yn 2002 165.795 minsken. It haadplak is Husum (Noardfrysk: Hüsem).
Oare gebieden dy't ek ta Noard-Fryslân hearre:
- De tsien Halligen, wenheuvels op waadlân, lykas ea de terpen yn Westerlauwersk Fryslân.
- De Waadeilannen Sylt (Nfr.: Söl), Amrum (Nfr.: Öömrang), Föhr (Nfr.: Feer) en Pellworm (Nfr.: Pälweerm)
- De skiereilannen Nordstrand (Nfr.: Strönj) en Eidersted (Nfr.: Ääderstää).
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Sa om it jier 700 hinne hawwe Friezen de Noardfryske eilannen kolonisearre. It is net wis wêr't hja krekt weikamen, mar der wurdt oannaam dat dizze earste weach ferbân hie mei de kriich tusken Franken en Friezen. De twadde weach hat om it jier 1100 hinne plak hân; dy groep, út Easterlauwersk Fryslân, hat him op it fêstelân fêstige. Oant 1864 hearde Noard-Fryslân ûnder de Deenske Kroan.
[bewurkje seksje] Talen
Noard-Fryslân is hjoed de dei noch altyd in meartalich gebiet mei fjouwer offisjele talen: Dútsk, Noardfrysk (Friisk of Frasch), Deensk en Nederdútsk. It Nederdútsk jildt as streektaal, it Noardfrysk en Deensk binne as minderheidstalen erkend. It oant yn de 19e ieu dominante Noardfrysk wurdt no noch troch sa'n 10.000 minsken sprutsen, yn njoggen ferskate dialekten. Fierders wurdt der yn Noard-Fryslân ek noch Jutsk sprutsen.
De Noardfryske namme is Nordfraschlönj as koartsein Fraschlönj, de Deenske namme is Nordfrisland en de Nederdútske is No(o)rdfreesland.
[bewurkje seksje] Fryske Beweging
Yn Noard-Fryslân is der lykas yn Westerlauwersk Fryslân in libbene Fryske beweging. Der is in dakorganisaasje, Friesenrat sektion Nord mei derûnder ferskate oansletten organisaasjes. De twa wichtigste binne:
- Nordfriesischer Verein, mei likernôch 4800 stipers (2005)
- Friisk Foriining, mei likernôch 600 stipers (2005).
[bewurkje seksje] Stêden en gemeenten
Stêden | Amten | Frije gemeenten |
---|---|---|
|
|