Yslân
Ut Wikipedy
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
|
Yslân is in lân yn Noardwest-Jeropa. De haadstêd is Reykjavík en de presidint fan de republyk is sûnt 1996 Ólafur Ragnar Grímsson.
Yslân wurdt begrinzge troch:
- de Grienlânske See yn it noarden;
- de Atlantyske Oseaan yn it suden;
- de Strjitte fan Denemark yn it westen;
- Grienlân yn it noardwesten.
[bewurkje seksje] Skiednis
By de iere Romeinen en Griken wienen al fermoedens dat der noardlik fan de Britske eilannen in grut eilân lizze moast. It "Ultima Thule", dêr 't de Romeinen yn in skrift oer berjochten, giet wierskynlik oer Yslân, mar wissichheid hjiroer ûntbrekt. Ut argeologyske fynsten docht bliken de Romeinen nei alle gedachten sels foet oan wâl setten hawwe, mar de earste minsken dy't in skoftlang op Yslân wenne hawwe wienen Ierske muontsen. Mei de komst fan de Wytsingen binne sy ferdwûn.
Yn de 9e ieu kamen de bewenners fan Noarske ôfkomst dêrhinne. De earste Wytsing dy't him foar altiten op Yslân festige wie Ingólfur Arnarson. Yn 874 lanne hy oan de súdkust en om-ende-by 877 festige hy him oan in baai yn it súdwesten. Dat plak neamde hy Reykjavik. Sûnt dy tiid waard it de neikommende 60 jier folslein kolonisearre.