Peking
Ut Wikipedy
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
Běijīng Shì
北京市
|
|
---|---|
Basis ynformaasje | |
Gebiet | 16.807,8 km² |
Tal ynwenners | 15.224.754 |
Tal ynwenners km² | 906 km² Prefektuer |
Tiid sône | CST (UTC+8) |
Regear | |
Lân | Sina |
Regio | Peking |
Administrative yndieling | 16 distrikten (stêdsdielen) |
Boargemaster | Qishan Wang |
Webside | www.beijing.gov.cn |
Peking (北京 ; pinyin : Běijīng) is de haadstêd fan Sina. De stêd is in direkt bestjoerde stêd, mei likernôch 11.150.000 ynwenners. Boargemaster is Wang Qishan.
[bewurkje seksje] Etymology
Peking betsjut "noardlike haadsted" yn it Sineesk. It hat in konkurint fan Nanjing west, "de súdlike haadsted", tidens de Ming Dynasty. Dizze dynasty joech Peking har namme.
[bewurkje seksje] Skiednis
De âldste resten binne fan de 1e ieu f. Kr.. Doe stifte it Keninkryk fan Yan (燕) har haadsted, dêr't no Peking leit. Hja neamden it Ji (蓟). Neidat it Keninkryk fan Yan ferwoastige wie, waard de stêd lytser, alhoewol't it noch hieltyd in plak fan belang wie.
Peking waard hieltyd wichtiger yn 'e 10e ieu, doe't de Jin Dynasty har haadsted dêr fêstige. Dy stêd waard ferwoastige troch de Mongoalen yn 1215. Yn 1267 bouden de Mongoalen in nije stêd krekt boppe de Jin haadsted, se neamden it "Grutte Haadsted" (大都), en dat wie de basis fan Peking sa as it hjoed derhinne leit. Doe't Kublai Khan, de Mongoalyske monarch, de Yuan Dynasty stifte, keas er de stêd as syn haadsted.
De Yuan, Ming en Qing Dynastyën keazen Peking allegear as harren haadsted. Doe't de Qing Dynasty syn macht ferlear en de Republyk fan Sina stifte wie, ferplakten se harren haadsted fan Peking nei Nanjing. Doe't de Folksrepublyk Sina machtiger waard, waard Peking op 'en nij de haadsted fan Sina.